FryslânDOK fan 21 novimber 2021 17:00

'De ûntdekking fan Fryslân': Diel 1

Yn Ljouwert waard op 16 novimber 1951 in rjochtsaak fierd oer de Fryske taal. Dy dei gong de skiednis yn as 'Kneppelfreed' (Knuppelvrijdag) en wurdt field as in kearpunt: sûnt binne de Friezen har bewuster fan har bysûndere taalposysje yn Nederlân.

Fryske Frijheid

Neist de striid foar de taal krige ek de Fryske 'eigenheid' doe in nije stimulâns. Neffens Bert Looper, oant foar koart direkteur fan histoarysk en letterkundich sintrum Tresoar, kaam mei Kneppelfreed de ferbylding oan 'e macht yn Fryslân. Faak waard 'De Fryske Frijheid' oanhelle, de letmidsiuwske perioade doe't Fryske gebieten ûnder gjin inkel sintraal gesach yn Europa foelen. Ek Fryske bestjoerders yn de jierren '50 omearmen fan herte it gefoel fan in Fryske 'eigenheid'. Dy manifestearret him hyltyd op 'e nij, oanpast oan nije wurklikheden, mei langstme as in sterke oanjager.

Raffelrântsjes

Yn 'De ûntdekking fan Fryslân' krije de ynwenners fan Fryslân fan no yn in enkête de fraach hoe't sy har identiteit persoanlik ûnderfine. En oft se wat fiele fan in mienskiplike Fryske identiteit, yn of bûten de provinsje, yn in globalisearjende maatskippij. Ek de aaklike raffelrântsjes komme oan de oarder. Fiele minsken har wolris bûtensletten, of slute sy sels oaren bûten?


By de betinking fan 70 jaar 'Kneppelfreed' freget FryslânDOK 'm ôf wêr't it idee fan in Fryske identiteit eins op basearre is. 'De ûntdekking fan Fryslân' is in dokumintêre yn twa dielen, útstjoerd op 20 en 27 novimber by NPO2 en op 21 en 28 novimber troch Omrop Fryslân.

FryslânDOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(Advertinsje)