FryslânDOK fan 2 jannewaris 2022 18:00

'Lij wetter':

Op 4 jannewaris 2022 is it 25 jier lyn dat de lêste Alvestêdetocht riden waard. Tsientûzenen minsken diene deroan mei. Miljoenen wiene der getuge fan, lâns de wâlskanten fan de beferzen rûte of fia radio en telefyzje. Noch nea hat Fryslân de tocht der tochten sa lang misse moatten as no. Foarelkenien mei waarme gefoelens foar iis en reedride is der yn jannewaris trije kear in FryslânDOK oer de Alvestêdetocht.

Op 1 en 2 januari is dat 'Lij wetter', in Alvestêdeportret fan it doarpke Alde Leie yn it noarden fan Fryslân. De riders moatte dan noch it swiere stik tsjin de wyn yn nei Bartlehiem en Dokkum.
Allegear stean se yn Alde Leie klear om harren der trochhinne te skuorren. FryslânDOK folge begjin 1997 de ynwenners fan dit skilderachtige doarpke, yn de dagen foarôfgeand oan de tocht oant it foarbykommen fan de lêste rider.

FryslânDOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(Advertinsje)