FryslânDOK fan 19 desimber 2021 17:00

'Ferdinand, The Happy Pathmaker' 

Nei in swalkjend bestean oer de wrâld krijt Ferdinand ynienen in harsenynfarkt. Hy kin refalidearje by syn broer yn Fryslân. Syn dokters sizze dat er 24 oeren deis soarch nedich hat. Sels tinkt Ferdinand dêr hiel oars oer. Syn nichtsje Hannah Swart pakt har filmkamera en beslút alles te filmjen.

Ferdinand wennet yn de Pyreneeën en bedarret nei it ynfarkt yn in sikehûs yn Toulouse. Hannah en har heit helje him op en nimme him mei nei de pleats yn it Fryske Jouswier.

Hannah Swart (1999): 'Dit wie ferline jier, flak foardat Europa op slot gie fanwege corona. Mei Ferdinand krigen wy der ynienen in gesinslid by dat in protte oandacht nedich hie. Fan dat momint ôf begûn ik alles te filmjen. Omdat ik it ynteressant fûn hoe't elkenien mei Ferdinand kommunisearre, mar foaral ek om te sjen hoe't wy as famylje mei elkoar omgongen.'

Spanning
Ferdinand wol graach wer selsstannich wenje, mar sa maklik giet dat net. It advys fan de dokter oer syn tastân en de ferskate mieningen en karakters yn de famylje leverje spanningen en konfrontaasjes op. Kin er noch foar himsels soargje of net?

Happy
'Ferdinand, The Happy Pathmaker' rekket oan universele tema's lykas frijheid, soarch, moed, ûnsekerheid, en leafde foar it libben. Hannah: 'Troch myn bysûndere omke bin ik my der noch bewuster fan wurden dat it belangryk is dyn eigen wei te gean, fan it relativearje kinne, en om happy te wêzen yn dysels.'

Op it Noordelijk Filmfestival wûn Hannah Swart mei dizze film in Noorderkroon-award yn 'e kategory 'grutste jong talint'.

 

FryslânDOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(Advertinsje)