FryslânDOK fan 14 novimber 2021 17:00

U heeft het recht om Fries te spreken

It rjocht om Frysk te praten waard op 16 novimber 1951 net allinnich foar de Ljouwerter rjochtbank befochten, mar ek op strjitte. Dy dei gong de skiednis yn as 'Kneppelfreed'. Mar hoe stiet it Frysk der no foar, 70 jier letter?

De dei wurdt betocht mei in teäterstik, in eksposysje en oare aktiviteiten. FryslânDOK docht ûndersyk nei de fraach hoe't it Frysk by de rjochtbank der no foar stiet, 70 jier nei Kneppelfreed. Dat wiist net sa bêst: de tolken Frysk dy't by justysje wurkje, binne yn staking tsjin de lege beleanning en dêrmei driget it Frysk wer út de rjochtspraak te ferdwinen. De Ried fan Europa makket him soargen oer hoe't Nederlân omgiet mei it Frysk.

FryslânDOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(Advertinsje)