FryslânDOK fan 12 desimber 2021 17:00

Rock-'n- roll yn Fryslân:

De Fryske popscene wie enoarm suksesfol yn de perioade tusken 1960 en 2000. Hoe timmerje de Fryske popmuzikanten fan nó oan 'e dyk? De FryslânDOK 'Rock-'n-roll yn Fryslân' wurdt útstjoerd by NPO2 op sneon 11 desimber en op snein 12 desimber by Omrop Fryslân.

'Rock-'n-roll in Friesland' is ek in boek en der heart boppedat in tentoanstelling yn Ljouwert by (te sjen yn paviljoen Obe). Op inisjatyf fan âld-útjouwer Robert Wielinga hawwe tsientallen skriuwers en fotografen in ensyklopedysk boekwurk makke oer fjirtich jier Fryske pophistoarje (1960-1999). Dizze publikaasje is de oanset foar in FryslânDOK oer Fryske popmuzikanten fan doe en no.

Friese Bries

De band 'Weekend at Waikiki' begûn begjin jierren tachtich as freoneklup yn Wolvegea en waard ûnderdiel fan de Friese Bries, in streaming fan Fryske popgroepen dy't in lanlik en sels ynternasjonaal poadium krigen. Se hearden by de earste Westerske bands dy't op tour giene yn it Eastblok.

The Homesick

Ek Wobbe van Seijen, as platebaas ien fan de haadrolspilers yn de Fryske popwrâld, sjocht werom op 'e tiid dat popmuzikanten noch fanklups hienen en de plateferkeap foar ynkomsten soarge. Oan de jonge band The Homesick, oarspronklik út Dokkum, freget programmamakker Gerard van der Veer wat se dwaan moatte om oan 'e dyk te timmerjen.

FryslânDOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(Advertinsje)