Fryslân Kiest fan 5 septimber 2012

Yn de oanrin nei de ferkiezingsdei binne ferskate debatten live te folgjen op Omrop Fryslân Televyzje. Op woansdei 5 septimber wurdt ôftrape mei ‘het Noordelijk Lijsttrekkersdebat’, dat yn Grins hâlden wurdt en dêr’t de lanlike listlûkers oan meidogge. Sy prate oer lanlike tema’s, mar ek oer noardlike tema’s lykas krimp, konsintraasje fan rykstsjinsten, wettertechnology en Energy Valley.

It debat is tusken 15:30 oere en 17:00 oere live te folgjen op televyzje en jûns wurdt in gearfetting fan it debat útstjoerd.

Share this page on:

Fryslân Kiest

Fryslân Kiest bringt de prognoazes, útslaggen en analyzes fan de gemeenteriedsferkiezingen, fan 19.00 oant 01.00 oere op de radio. Fierder te folgjen op www.omropfryslan.nl en fan 22.00 oere ôf is Fryslân Kiest der ek op telefyzje.
(advertinsje)