Fryslân kiest fan 18 maart 2015 20:00

Provinsjale Steateferkiezings, woansdei 18 maart, fan 6.00 oant 1.00 oere op Omrop Fryslân Radio, Televyzje en Ynternet Oerdei docht Omrop Fryslân ferslach fan it stimmen en de opkomst. Jûns fan 19.00 oere ôf begjint in spesjaal radioprogramma oer de ferkiezings, streekrjocht út it provinsjehûs wei. Fan 21.00 oere ôf is dat ek op televyzje en ynternet te sjen. Presintatoaren Andries Bakker en Jan Durk de Haan ûntfange gasten út de Fryske polityk. Hoe is bygelyks de kampanje ferrûn? Wêr hawwe de partijen op ynset en hoe hat dat foldien? Fierder oan tafel: trije polityk ferslachjouwers; fan de Ljouwerter Krante, it Frysk Deiblêd en Omrop Fryslân. Om 21.00 oere slute de stimbussen en begjint it tellen. Sa gau't der útslaggen binne, bringt Omrop Fryslân dy op radio, televyzje en ynternet. Oanfolle mei de earste reaksjes, analyzes en kommentaren. It spesjale mienskiplike programma út it provinsjehûs wei duorret oant 1.00 oere nachts.
20:55 - Sheppard - Geronimo
Share this page on:

Fryslân kiest

Fryslân Kiest bringt de prognoazes, útslaggen en analyzes by de gemeenteriedsferkiezingen. Te folgjen op www.omropfryslan.nl en fan 22.00 oere ôf is Fryslân Kiest der ek op TV.
(advertinsje)