- Gerrit Fokkema is op 95 jierrige leeftiid ferstoarn. Hy hat oant syn dea ta it ferhaal ferteld fan de oerfal op de Blokhúspoarte. Oan tafel Hans Groeneweg, de âld-konservator fan it Fersetsmuseum.
- Gemeente De Fryske Marren hat wer in folslein kolleezje
- Eksamensstress foar de learlingen fan it Liudger yn Drachten
- En Syds Wiersma is te gast. Hy hat foar de lêste kear wer in pareltsje meinaam út it Fries Film argyf: de kolleksje fan amateurfilmmakker Sjoerd Andringa. Andringa makke 20 unike sjoernaals oer Fryslân út de jierren '50 oant en mei de jierren '90.
Fryslân Hjoed fan 9 maaie 2019 17:00
Fryslân Hjoed
Fryslân Hjoed mei it nijs fan de dei en de ferhalen efter dat nijs, mei langere reportaazjes, live ferbinings, studiopetearen en spesjalisten oan it wurd.