Fryslân Hjoed fan 22 maart 2017 17:00

* It Hearrenfean krijt dochs net in AZC
* Undersikers wolle it eilân Gryn wer kuierje litte
* Hoe krije je Friezen oan it sûne iten? Reitse Spanninga begjint hjir in nije kampanje

Fryslân sûn

Hoe kinst lekker iten side, dat ek sûn is? Dat besiket kok Reitse Spanninga ús de kommende moannen sjen te litten yn Fryslân sûn. Reitse docht dit troch ferskate opdrachten út te fieren. Dy opdrachten ha te meitsjen mei gerjochten, mar ek beheiningen. Bygelyks dat der gjin sâlt brûke mei, glutenfrij of fegetarysk. Reitse kriget hjirmei help fan diëtiste Lysbeth Rubingh. Sy jout tips en fertelt oer de sûnensproblemen dy’t sy sjocht yn har praktyk. Jûn yn Fryslân Hjoed de earste ôflevering.

Resept foar de ‘maitiid stoofpot mei kowefleis’

Snij it folgjende yn stikjes:

* sukadefleis
* 3 reade sipels
* 1 teantsje knyflok
* 1 paprika
* 6 tomaten

Swit de griente oan mei olive-oalje.
Doch alles by mekoar yn de panne.
Bring it op smaak mei: roazemaryn, laurier, farske time (tijm) en in bytsje jittik.
En foar derby: tomaten mei olive-oalje, sla en rys.

Fryslân Hjoed

Fryslân Hjoed mei it nijs fan de dei en de ferhalen efter dat nijs, mei langere reportaazjes, live ferbinings, studiopetearen en spesjalisten oan it wurd.
(advertinsje)