Fryslân Hjoed fan 16 novimber 2017 17:00

Yn Fryslân Hjoed de ûntknoping fan It moaiste fan Fryslân út de Blokhúspoart wei. Yn hostel Alibi presintearret Roelof Lousma de live-útstjoering. Afke Boven bringt de sjoggers út de studio yn Ljouwert wei op 'e hichte fan it lêste nijs út Fryslân.

De kânshawwers op de titel 'It moaiste fan Fryslân' wiene: it Planetarium yn Frjentsjer (winner), de Wetterpoarte yn Snits, it Karmelklooster yn Drachten, Park Vijversburg yn Tytsjerk, it stedshûs fan Boalsert, de Kliffenkust by Warns, Apotheek Centraal yn Ljouwert, de Noorderhaven fan Harns, de eilanner húskes op Skiermûntseach en de seedyk lâns de Fryske waadkust. 

De ekstra lange útstjoering fan Fryslân Hjoed begjint om 17.00 oere en is dêrnei alle oeren te sjen. Nei Fryslân Hjoed is in werhelling te sjen fan de ôflevering oer de winner fan It moaiste fan Fryslân.

Diel dit berjocht op:

Fryslân Hjoed

Fryslân Hjoed mei it nijs fan de dei en de ferhalen efter dat nijs, mei langere reportaazjes, live ferbinings, studiopetearen en spesjalisten oan it wurd.
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m sneon om 17.00 oere
(advertinsje)