Fryslân Hjoed Ekstra fan 29 juny 2021 20:15

Op tiisdei 29 juny hat Omrop Fryslân de hiele dei omtinken foar minsken dy't it coronafirus moannen lyn hân ha, mar hjir noch hieltyd klachten troch ûnderfine. In oprop hat derfoar soarge dat der mear as 300 ferhalen binnenkaam binne fan minsken dy't noch lêst hawwe.

Fan fermoeidheid oant hertkloppingen. Fan sliepeleasheid oant stotterjen. Der kaam fan alles foarby en it hat in soad ympakt op harren libben. Sa sitte de fiif minsken dy't Omrop Fryslân sprutsen hat noch hieltyd yn de syktewet.

Op 29 juny jout Omrop Fryslân yn alle radioprogramma's omtinken oan de ferskate klachten. Jûns om 20.20 oere is der in spesjale Fryslân Hjoed op telefyzje. Dêr skowe saakkundigen oan en litte wy ûnder oare in reportaazje sjen dêryn't fjouwer eks-coronapasjinten inoar moetsje en harren ferhalen mei-inoar diele. Oan tafel sitte refalidaasje-arts Kees Hein Woldendorp fan Revalidatie Friesland, medysk psycholooch Anke Trul fan it MCL yn Ljouwert, eks-coronapasjint Kyra Cuperus dy't noch hieltyd klachten ûnderfynt en longarts by it Tsjongerskâns op It Hearrenfean, Kor Johan de Koning.

Fryslân Hjoed Ekstra

Fryslân Hjoed Ekstra is in spesjale edysje fan it nijsprogramma Fryslân Hjoed.
(Advertinsje)