Op woansdei 10 maart is it eksakt in jier lyn dat de earste coronabesmetting bekend waard yn Fryslân. Op dizze dei sjogge wy dêrom by Omrop Fryslân op de radio, telefyzje en op ynternet werom op it coronajier. Yn Fryslân Hjoed Ekstra fertelle ferskillende minsken oer de impact dy't it firus foar harren hie. Fan impact op de soarch oant impact op de ûndernimmer. Wat is der allegear bard dit jier of eins noch belangriker, hoe sjocht Fryslân nei de takomst?
Oerdei is alles te folgjen op radio en ynternet. Jûns fan 21.00 oant 22.00 is der in spesjale Fryslân Hjoed Ekstra op telefyzje te sjen.