Fryslân fan 'e moarn fan 9 febrewaris 2018 06:00

    - Allinne de rjochter koe de fúzje fan soarchfersekerder De Friesland mei Zilveren Kruis Achmea noch keare, mar dy hat bepaald dat it allegearre gewoan trochgiet.
    - De fraude mei feeregistraasje docht grutte skea oan de melkfeehâlderij, tinkt it melkfeehâldersfakbûn NMV.
    - In 'echte reade' wethâlder hat ôfskied naam fan it kolleezje fan Ljouwert. Andries Ekhart krijt in nij plakje. Yn de gemeenteried. Dat wol.
    - It fûns dat de winners fan in grutte lotterijpriis yn Eastermar opsette wolle foar doarpsgenoaten dy't neat wûn ha, krijt hieltyd mear stal.
    - Sportklup Cambuur makket him klear foar de thúswedstriid tsjin MVV, jûn yn it eigen Cambuurstadion.
    - De kjeld tusken Eastermarders mei in útkearing en de gemeente Tytsjerksteradiel is út de loft nei in goed petear.
    - Ien doarp stiet de kommende moannen sintraal yn de útstjoeringen fan Fryslân fan 'e moarn: Feanwâldsterwâl.

    Gast fan de Dei Anne Oosterdijk

    • Fûnsinisjatyfnimmer Anne Oosterdijk

    De Toan fan Hilda Talsma

    • De Toan fan Hilda Talsma

    Ferslachjouwer Hayo Bootsma by Ljouwerter stasjonsgebiet

    • Ferslachjouwer Hayo Bootsma I
    • Ynze Haitsma fan de gemeente Ljouwert oer de ferkearsmaatregels

    Hoe giet it mei it ferkear by it fernijde stasjonsgebiet fan Ljouwert? Ferslachjouwer Hayo Bootsma nimt freedtejûn poalshichte en praat ûnder oaren mei Ynze Haitsma fan de gemeente Ljouwert.

    06:04 - Level 42 - Something About You
    06:13 - Adele - Rolling In The Deep
    06:24 - Script - Rain
    06:39 - Die Twa - Frjemd Sa As It Rint


    07:16 - Clean Bandit (Ft. Julia Michaels - Miss You
    07:22 - Marcel Smit - Omstekeard
    07:48 - Zayn & Taylor Swift - I Don't Wanna Live Forever


    08:12 - Liam Payne Ft. Rita Ora - For You (Fifty Shades Freed)
    08:23 - Pharrell Williams - Happy
    08:40 - Agnes Sambrink - Muzyk
    08:48 - Roy Orbison - You Got It

    Jacob Stelwagen

    Fryslân fan 'e moarn

    Fryslân fan ’e moarn is it moarnsprogramma by Omrop Fryslân op de radio, alle wurkdagen tusken 6 en 9 oere moarns.
    Presintaasje: 
    Jacob Stelwagen
    (advertinsje)