Fryslân fan 'e moarn fan 9 desimber 2016 06:00

    * Feilichheidsregio Fryslân ferwachtet dat de fûgelgryp de kommende dagen op mear plakken yn de provinsje opdûke sil
    * It dak fan de NHL-hegeskoalle yn Ljouwert wurdt de kommende wiken fol lein mei sinnepanielen
    * Tsientallen Friezen skriuwe brieven foar Amnesty om politike gefangenen frij te krijen. En mei súkses!
    * Cambuur spilet jûn tsjin Jong Utrecht. Trainer Sipke Hulshoff en spiler Martijn Barto sjogge foarút mei Geert van Tuinen

    * Prins Carlos iepenet hjoed op it terrein fan ôffalferwurker Omrin op It Hearrenfean de grutste griengasynstallaasje fan de Benelux
    * De earste minsken dy't wurkûnderfining opdogge by de restauraasje fan it beurtskip Grouw yn Droegeham hawwe no in baan fûn
    * De oerheid moat godtsjinstige en humanistyske foarmingslessen yn it iepenbier ûnderwiis struktureel bekostigje. De Twadde Keamer hat juster oer dit wetsfoarstel te set west

    Gast fan de Dei - Broer Zonderland

    • Gast fan de Dei - Broer Zonderland

    Gewoanwei binne professionals der moannen mei dwaande, mar hjoed sille 120 learlingen fan in skoalle yn Snits yn ien dei in komplete teaterfoarstelling út de grûn stampe. It giet om de learlingen út HAVO 3 fan it RSG Magister Alvinus. Broer Zonderland is teamleider op dy skoalle en fertelt hoe't de skoalle op dit idee kaam is.

    De Meunsternimmer - Siebe Annema

    • De Meunsternimmer - Siebe Annema

    De Toan fan Hilda Talsma

    • De Toan fan Hilda Talsma

    06:10 - Pet Shop Boys & Dusty Springfield - What Have I Done To Deserve This
    06:19 - Veldhuis & Kemper - Bijzonder
    06:22 - Adele - Water Under The Bridge
    06:36 - Mosken - De Kenegin Fan Tjalleberd
    06:48 - Jona Lewie - Stop The Cavalry
    07:20 - Hey Girl - Lady Gaga & Florence Welch
    07:43 - Marcel Smit - Omstekeard


    08:15 - Mariah Carey - All I Want For Christmas Is You
    08:41 - Syb Vd Ploeg & Piter Wilkens - Jou It Troch

    Jacob Stelwagen

    Fryslân fan 'e moarn

    Fryslân fan ’e moarn is it moarnsprogramma by Omrop Fryslân op de radio, alle wurkdagen tusken 6 en 9 oere moarns.
    Presintaasje: 
    Jacob Stelwagen
    (advertinsje)