Fryslân fan 'e moarn fan 8 jannewaris 2018 06:00

    - Fryske Jûn yn AFAS Live moat in ferfolch krije fine de artysten.
    - Ferslachjouwer Omrop Fryslân is tsjûge fan in hardershûn dy't skiep oanfalt by Goutum
    - Berltsum hat har stedsrjochten werom, dy't se eartiids ferlern binne
    - Hillichferklearring fan pater Titus Brandsma grutte stap tichterby
    - Bernekeunstwurk fernield by doarpshûs It Werflân yn De Rottefalle

    Tenei op mear plakken Parkinson-dûnsles

    Yn Ljouwert kin it al trije jier, mar minsken mei Parkinson kinne fan hjoed ôf rûnom yn Fryslân telâne foar dûnslessen. Yn Drachten, It Hearrenfean, Dokkum, Boalsert, Snits en Harns wurde tenei dûnslessen foar Parkinsonpasjinten hâlden. Dat is mooglik tanksij in provinsjale subsydzje fan 60.000 euro. Foar it Dansen op Recept bestiet neffens inisjatyfnimmer Marlien Seinstra in soad belangstelling. ''It is foar minsken mei Parkinson hiel wichtich om te bewegen. Mei dûnsjen is dy beweging hiel ûntspannen'', seit Seinstra. Se hat fiif minsken oplaat as dûnslearaar. It is foar minsken mei Parkinson in grutte stap om harren oan te melden, mar it binne neffens Seinstra hiel trouwe besikers fan de lessen. ''Se komme sa ek yn de kunde mei oare minsken.''
     

    De Toan fan Nynke van der Zee

    06:04 - Natalie Imbruglia - Torn
    06:14 - Keane - Everybody's Changing
    06:21 - Rita Ora - Anywhere
    06:25 - Jerry Lee Lewis - Great Balls Of Fire
    06:37 - Die Twa - Famke Fan Myn Dreamen
    06:47 - Kc & The Sunshineband - That's The Way I Like It


    07:16 - Maroon 5 Ft. Sza - What Lovers Do
    07:23 - Sia Ft. Kendrick Lamar - The Greatest
    07:42 - French Connection - Iselmar
    07:52 - Level 42 - Lessons In Love
    08:19 - Pink - What About Us
    08:37 - Twarres - Tink Oan My
    08:45 - Lily Allen - Not Fair
    08:50 - London Beat - I've Been Thinking About You

    Jacob Stelwagen

    Fryslân fan 'e moarn

    Fryslân fan ’e moarn is it moarnsprogramma by Omrop Fryslân op de radio, alle wurkdagen tusken 6 en 9 oere moarns.
    Presintaasje: 
    Jacob Stelwagen
    (advertinsje)