* Wytmarsumer rêders eare mei blommen en kaugom
* Tsjalk yn Rotterdam moat keunstleafhawwers entûsjast meitsje foar 11 Fountains
* Nije bestjoershûs Súdwest-Fryslân moat ried, amtners en befolking tichter byinoar bringe
* EHBO-ferieningen yn Ljouwert sykje gearwurking foar helpferliening by grutte eveneminten
* Hoe krije je doarpsbewenners wer belutsen by de lokale polityk? Feanwâlden en Feanwâldsterwâl sykje nei oplossingen
De Gast fan de Dei is wethâlder Baukje Tol fan de gemeente Waadhoeke. Bern fan kbs Toermalijn yn Frjentsjer sille fan 'e moarn in snelheidsmjitting dwaan. Op de Hertog van Saxenleane sille de bern mjitte hoe hurd oft de auto's dêr ride, en as dat te hurd is, hâlde se se steande. Baukje Tol jout it startsein.
Der is wer in farske kollum fan Botte Jellema. Ferslachjouwer Bauke Deelstra ûndersiket de foar- en neidielen fan de winter- en simmertiid. Hjoed stimt it Europeesk Parlemint oer it ôfskaffen fan de simmertiid.