Fryslân fan 'e moarn fan 8 febrewaris 2017 06:00

    * De provinsje fersmyt de krityk fan de fakbûnen op de reorganisaasje fan de eigen amtlike tsjinst
    * It oereinhâlden fan ús fersoargingssteat wurdt in belangryk tema fan de ferkiezings, dat tinkt boargemaster Crone
    * De boeren moatte blommen en krûden siedzje oan de râne fan de greide, dat is goed foar de boaiem en tsjin plantesykjen, de Partij voor de Dieren komt mei in plan
    * Wat kinst no eins yn de praktyk mei in HBO-diploma foar wiskunde? Op de NHL wurdt dêr hjoed in sympoasium oer hâlden

    * Toeristen krije by in oernachting yn in grut part fan Fryslân in dei fergees reizgjen kado
    * Ek Ljouwert krijt tiny houses, lytse húskes, mar wol mei alles derop en deroan en hiel enerzjy-sunich. Se moatte yn de Súdlannen komme
    * De gemeente Harns giet de problemen mei jeugd en gesinnen te liif mei in ekstra jeugdsoarchwurker
    * De Tsjûkemar kin in prima proefgebiet wurde foar aktiviteiten dy't foaral jonge wettersporters oansprekke. De mar is te moai om allinnich mar trochhinne te farren

    Dorie Bongers oer it wiskundesympoasium

    • Dorie Bongers oer it wiskundesympoasium

    Wat kinst mei wiskunde ast dyn HBO-diploma helle hast? Dy fraach sil beäntwurde wurde op it sympoasium 'Wiskunde in de praktijk'. It sympoasium, dat troch studinten fan de oplieiding Toegepaste Wiskunde organisearre wurdt, begjint woansdeitemoarn om 10 oere yn de NHL. It is de earste kear dat der in sympoasium oer wiskunde hâlden wurdt op de NHL.

    Meunsternimmer Henk van der Veer

    • Meunsternimmer Henk van der Veer

    Ferslachjouwer Timo Jepkema yn Snits by de fiver

    • Ferslachjouwer Timo Jepkema yn Snits by de fiver

    Oan de Olijfbergleane yn Snits hawwe se in fiver. Alwer in skoft lyn hawwe âldere buertbewenners frege as se dêr gjin wyfkegoes krije koenen. Dat hat de diere-ambulânse doe regele en stadichoan kamen der ek mear guozzen. It guozzeferbliuw leit midden yn 'e fiver en wie nei al de jierren wol oan fernijjing ta. De gemeente woe it eins wol ferwiderje en de guozzen fuort ha. Mar no hawwe de diere-ambulânse en de fûgelwacht de gearwurking socht mei skoalle de Diken en mei-elkoar is it guozzeferbliuw de ôfrûne wiken opknapt. Uteinlik is neffens my de bedoeling dat fiif jonge guozzen wer útset wurde yn de natuer. Eltsenien is no bliid mei it resultaat.

    De Toan fan Eelke Lok

    • De Toan fan Eelke Lok

    Ferslachjouwer Timo Jepkema yn Snits by de fiver 2

    • Ferslachjouwer Timo Jepkema yn Snits by de fiver 2

    06:08 - Matia Bazar - Ti Sento
    06:16 - Acda En De Munnik - De Kapitein Deel Ii
    06:20 - Shawn Mendes - Mercy
    06:35 - Sytse Haima - Dat Ik Neist Dy Lizze Mei
    06:49 - Chi Coltrane - Go Like Elijah


    07:15 - Niall Horan - This Town
    07:24 - Lp - Lost On You
    07:44 - Chickens Go Mad - Wat Is It Moai


    08:12 - Ed Sheeran - Shape Of You
    08:24 - Matt Simons - Catch And Release (Remix)
    08:45 - Wiebe - Sjoch It Ljocht

    Jacob Stelwagen

    Fryslân fan 'e moarn

    Fryslân fan ’e moarn is it moarnsprogramma by Omrop Fryslân op de radio, alle wurkdagen tusken 6 en 9 oere moarns.
    Presintaasje: 
    Jacob Stelwagen
    (advertinsje)