Fryslân fan 'e moarn fan 7 septimber 2015 06:00

Fan 'e moarn yn Fryslân fan 'e moarn:
* Fryske bargeboeren reizgje hjoed nei Brussel om te protestearjen tsjin de hege lesten en de lege prizen.
* In hiel wykein rein by eveneminten soarge foar ferklomme besikers, ferwaaide tinten en flinke kosten.
* De bemanningsleden fan in delstoarten Ingelske bommewerper binne nei 73 jier eard yn Earnewâld.
* Dit wykein wie yn Drylts it lêste festival oer de Mileniumdoelen fan de VN. Mar de nije doelen binne net konkreet genôch, fynt it pleatslike komitee.
* Der is in grutte groei by it oantal bern dat net sels de fuotbaltraining, judoles en gymnastyk betelje kin.

Yn de studio binne Patrick en Karen Jelmsa te gast, de eigeners fan restaurant Anno 88 op It Hearrenfean. Hjoed is de ynauguraasje fan it restaurant ta de feriening Euro-Toques Nederland. Wat betsjut dit krekt foar it restaurant?

En wat is meunsternimmer Rein Tolsma dit wykein opfallen yn de media?

Meunsternimmer Rein Tolsma

Patrick en Karen Jelmsa fan restaurant Anno 88

06:09 - Chris Rea - Josephine
06:19 - Acda En De Munnik - 't Is Stil Aan De Overkant
06:21 - Sarah Mclachlan - Adia
06:36 - James Morrison - You Make It Real
06:45 - Michael Jackson - Don't Stop 'til You Get Enough
07:20 - Dave Clark Five - Do You Love Me
07:47 - Time Bandits - I'm Specialized In You
08:16 - Nielson - Sexy Als Ik Dans
08:37 - Mr. Mister - Broken Wings
08:47 - Lost Frequencies (Ft. Janieck Dev) - Reality
Share this page on:

Fryslân fan 'e moarn

Fryslân fan ’e moarn is it moarnsprogramma by Omrop Fryslân op de radio, alle wurkdagen tusken 6 en 9 oere moarns.
Presintaasje: 
Jacob Stelwagen
(advertinsje)