Fryslân fan 'e moarn fan 7 july 2017 06:00

    - Studinten autotechnyk binne massaal sakke foar it eksamen.
    - Soarchorganisaasje Talant wol mooglik fuort út It Surhústerfean.
    - Drachtster Sosjaal Pensjon bestiet fiif jier en nûget de buert út del te kommen.
    - Der komt in ekstra ûndersyk nei de komst fan in Van der Valk hotel op It Hearrenfean.

    Festivalboargemaster Meinte Boersma oer FarmFest 2017

    • Festivalboargemaster Meinte Boersma oer FarmFest 2017

    Gewoanwei is er skieppeboer, Meinte Boersma, mar ien wykein yn it jier is er boargemaster. Festivalboargemaster, fan it festival FarmFest. Dat wurdt hâlden by him op it lân, achter de pleats, yn Aldetrine. Sa'n 1500 besikers komme der alle jierren op ôf.

    Meunsternimmer Siebe Annema

    • Meunsternimmer Siebe Annema

    Meunsternimmer Siebe Annema praat mei Jakob Stelwagen oer de Pimelfontein.

    Anne Terpstra fan Doarpsbelang praat oer de feroaringen nei de Heak om Ljouwert

    • Anne Terpstra fan Doarpsbelang praat oer de feroaringen nei de Heak om Ljouwert

    Earst wiene se der yn Deinum hielendal net bliid mei, dat der in Heak om Ljouwert komme soe. Bewenners wiene benaud dat de dyk it doarp ynslute soe. Mar no't de dyk der ienkear leit, binne de lûden yn it doarp hiel oars. Fan 'e middei wurde de wurksumheden offisjeel ôfsletten.

    Frank Petersen fan de Waadferiening oer de besluten fan de Twadde Keamer

    • Frank Petersen fan de Waadferiening oer de besluten fan de Twadde Keamer

    It ôfbouwen of stopjen fan de gaswinning yn it Waad, gjin nije gaswinning tastean of earder yngripe as it mis giet mei dy gaswinning op en by it Waad. Dêroer hat de Twadde Keamer tongersdei stimt. En gjin inkele moasje hat it helle. Dat hie de Waadferiening graach oars sjoen. Mar der is ien ljochtpuntsje. Dêr oer prate wy fierder mei Frank Petersen fan de Waadferiening.

    06:09 - George Benson - Give Me The Night
    06:16 - Marco Borsato - Vrij Zijn
    06:20 - Anne-Marie - Ciao Adios
    06:28 - Dotan - Home
    06:39 - Bridges2One - Don't Be Gone
    06:45 - Owl City - Fireflies


    07:16 - London Beat - I've Been Thinking About You
    07:26 - Linda Ronstadt - It's So Easy
    07:46 - Katy Perry Ft. Skip Marley - Chained To The Rhythm


    08:11 - Chainsmokers & Coldplay - Something Just Like This
    08:24 - Terence Trent D´Arby - Dance Little Sister
    08:41 - Grytz - Fersopen Protter
    08:50 - Charlie Puth Ft. Meghan Trainor - Marvin Gaye

    Jacob Stelwagen

    Fryslân fan 'e moarn

    Fryslân fan ’e moarn is it moarnsprogramma by Omrop Fryslân op de radio, alle wurkdagen tusken 6 en 9 oere moarns.
    Presintaasje: 
    Jacob Stelwagen
    (advertinsje)