* In bioboer út Tytsjerk wol de Nederlânske steat oankleie, om foar te kommen dat er syn kij nei de slacht bringe moat.
* It garânsjefûns dat de provinsje ynsteld hat om produksjes fan Kulturele Haadstêd finansjeel te stypjen, profitearret totaal net fan it ferkeapsúkses fan spektakelfoarstelling De Stormruiter
* Sportklup Hearrenfean kin PEC Zwolle net de baas. De Feansters ferlieze mei 3-2.
* Golfklups ha it dreech. As se har net oanpasse oan de nije tiid, oerlibje se it net.
* In ynternasjonale delegaasje is hjoed op It Amelân om te sjen hoe't we hjir it tsjuster beskerme wurdt yn de striid tsjin de ljochtfersmoarging.
* It trochsneed fermogen fan Friezen is neffens de lêste sifers mei 10 prosint tanaam, en it is it heechst op de Waadeilannen.
De Gast fan de Dei is Femke van Akker oer it kongres tsjin ljochtfersmoarging en it beskermjen fan it nachtlik tsjuster. De kollum is fan Eelke Lok. Ferslachjouwer Andor Faber is de provinsje yn op syk nei natueriis dêr't al riden wurdt.