Fryslân fan 'e moarn fan 6 novimber 2017 06:00

    Oer dizze útstjoering is gjin spesifike ynformaasje beskikber. Klik hjir foar programma-ynformaasje

    Temadei oer sosjale media op it Bogerman

    • Dosint Thorba Wierstra oer de tema-dei

    De rol fan sosjale media yn it libben fan jonge bern wurdt hieltyd grutter. Dêr sitte foardielen oan, mar der binne ek gefaren. En dêrom hâldt it Bogerman Kolleezje hjoed in spesjale dei foar bern - en âlden - om omtinken te freegjen foar de sosjale media. Dosint Thorba Wierstra​ praat mei presintator Jacob Stelwagen oer it inisjatyf en de redenen om dizze dei te organisearjen. 

    Spitkeet stiet op it punt om út te wreidzjen

    • Willem Weening fan de Spitkeet

    Iepenloftmuseum De Spitkeet op De Harkema hat útwreidingsplannen. Dizze wike wurdt it startsein jûn foar de bou fan in gruttere ûntfangstromte. Reden foar ferslachjouwer Bauke Deelstra om ôf te reizgjen nei De Spitkeet.

    Meunsternimmer Keimpema oer de finansjele sektor

    • Copy of Albert van Keimpema

    Mei de Paradise Papers en de Bitcoinpinautomaat binne der opnij grutte ferhalen út de finansjele sektor. Meunsternimmer Albert van Keimpema hat soargen oer de gong fan saken, en praat dêroer mei presintator Jacob Stelwagen. 

    Ferslachjouwer Bauke Deelstra krijt in rûnlieding by de Spitkeet

    • Ferslachjouwer Bauke Deelstra by de Spitkeet

    De Spitkeet op de Harkema wol ferbouwe, en set dêr dizze wike mei útein. Ferslachjouwer Bauke Deelstra sjocht op it terrein, hoe't it der no byleit, en besiket út te finen oft presintator Jacob Stelwagen wol goed op de hichte is fan de histoarje fan de Spitkeet. 

    De Toan fan Nynke van der Zee

    • De Toan fan Nynke vd Zee

    Kollumnist Nynke van der Zee lit alle moandeis har ljocht skine op opfallende saken dy't se yn har deistich libben tsjinkomt. Hjoed stiet se stil by 'marketing taal'. 

    06:08 - Duke - So In Love
    06:15 - Guus Meeuwis - Proosten
    06:20 - Wulf - Mind Made Up
    06:26 - John Travolta & Olivia Newton-John - You're The One That I Want
    06:36 - Jack Bottleneck & Johan Keus - Net Mei Bemuoie
    06:45 - Steve Harley & Cockney Rebel - Make Me Smile
    06:51 - Harry Styles - Sign Of The Times


    07:15 - Imagine Dragons - Thunder
    07:24 - Bricquebec - Dyn Stapke
    07:45 - Ed Sheeran - Shape Of You


    08:11 - Script - Rain
    08:18 - Shania Twain - That Don't Impress Me Much
    08:42 - Greidebern Ft. Wiebe Kaspers - Nim My Mei Dy Mei
    08:50 - Rembrandts - I'll Be There For You
    Jacob Stelwagen

    Fryslân fan 'e moarn

    Fryslân fan ’e moarn is it moarnsprogramma by Omrop Fryslân op de radio, alle wurkdagen tusken 6 en 9 oere moarns.
    Presintaasje: 
    Jacob Stelwagen
    (advertinsje)