Fryslân fan 'e moarn fan 5 febrewaris 2018 06:00

* Kâld, wiet en winerich, de Winterfytsalvestêdetocht wie dit jier swier

* Grutte belangstelling foar de iepening fan Lân fan taal

* De iishockeyers fan UNIS Flyers hawwe de bekerfinale ferlern fan Den Haag

* Hjoed begjint in kampanje dy't minsken der ta oansette moat in koalmonoksidemelder oan te skaffen

* Foar it muzykteäterstik De Stormruiter komme fan 'e moarn ekstra kaarten beskikber

* en in oersjoch fan de sport fan it ôfrûne wykein

Start kampanje oer koalmonokside

  • Anne de Jager fan de brânwacht

Koalmonokside: in slûpmoardner. Alle jierren komme sa'n alve minsken om it libben troch it ûnsichtbere gas. Nochris 150 minsken bedarje yn it sikehûs nei't se koalmonokside ynazeme hawwe. De brânwacht is dizze moanne úteinset mei in kampanje om minsken better bewust te meitsjen fan de gefaren fan de stof. Want te faak wurdt der noch tocht dat koalmonokside benammen in probleem is yn âldere hûzen. Mar neffens de brânwacht sit der ek gefaar yn nijbouwenten en kinne nije CV-ynstallaasjesek gefaarlik wêze.

It boadskip fan de brânwacht yn dizze 'Stop CO-vergiftiging' kampanje is simpel: fentilearje, kontrolearje en alarmearje. 

Sportoersjoch

  • Sportoersjoch mei Andor Faber

Ferslachjouwer Andor Faber nimt tegearre mei presintator Jacob Stelwagen de sport fan it ôfrûne wykein troch. Wat wiene de opfallende saken, en hokker útspraken diene de haadrolspilers...

Biste-opfang Felida krijt twa liuwen derby

  • Barbara van Genne fan de opfang

It wurdt hjoed op'e nij in spannende dei foar de meiwurkers fan biste-opfang Felida yn Nijeberkeap. De opfang ferwachtet twa liuwen út Bulgarije. Dêr binne se berne yn in yllegale bistetún. De bisten hawwe te krijen mei in soad sûnensklachten, om't se it produkt binne fan yntylt. Hjirtroch kinne de liuwen ek nea wer útset wurde. Ferline jier krige Felida ek al twa tigers út Syrië yn de opfang, dy't psychysk bot oandien wiene troch it oarlochsgeweld. 

Stân fan saken nije MFA Eanjum

  • Ferslachjouwer Bauke Deelstra by de nije MFA

It hat miljoenen koste, mar it is der kaam. It nije multyfunkjsoneel akkommodaasje fan Eanjum. Mei mooglik makke troch de NAM. Dat bedriuw koördinearret fanút it nije gebou de gaswinning út de lytsere fjilden yn it noardeasten fan de provinsje. Yn itselde gebou komt ek in húsdokterspraktyk, in berne-opfang, in fysioterapy, in soarchkantoar en in kapper. En al stiet it gebou der al, der moatte noch alderhanne saken oppakt wurde foardat it echt brûkt wurde kin. Ferslachjouwer Bauke Deelstra is fan 'e moarn op besite yn it gebou om de stân fan saken op te nimmen. 

Sân ekstra foarstelingen fan De Stormruiter

  • Aswin Laheij fan de organisaasje

06:04 - London Beat - You Bring On The Sun
06:13 - Glennis Grace & Edwin Evers - Wil Je Niet Nog 1 Nacht
06:20 - Pink - What About Us
06:25 - Daniel Lohues - Volle Maon
06:40 - Bee Gees - Tragedy
06:52 - Julia Michaels - Issues


07:19 - Portugal The Man - Feel It Still
07:26 - Monkees - I'm A Believer
07:47 - Sake - Broken


08:11 - Katrina & The Waves - Walking On Sunshine
08:24 - Gavin Degraw - Just Friends
08:40 - Agnes Sambrink - Muzyk
08:50 - Boyzone - Picture Of You

Jacob Stelwagen

Fryslân fan 'e moarn

Fryslân fan ’e moarn is it moarnsprogramma by Omrop Fryslân op de radio, alle wurkdagen tusken 6 en 9 oere moarns.
Presintaasje: 
Jacob Stelwagen
(advertinsje)