Fryslân fan 'e moarn fan 5 desimber 2017 06:00

    * Wantrouwen en in soad fragen op bewennersjûn oer mooglike kompensaasje foar gaswinning by Ternaard

    * Der komme gjin besuningen op kultuer, mar der komt mooglik wol in oare ferdieling fan it jild. Dat seit deputearre Sietske Poepjes.

    * It wettersportdoarp Heech krijt in nije reuzewetterglydbaan.

    * It buddy-projekt Sociaal Goud foar âlderein krijt in ferfolch en de organisaasje siket noch frijwilligers.

    * Ynformateur Sander de Rouwe advisearret in koälysje fan CDA, PvdA, VVD en GrienLinks yn Súdwest-Fryslân. Wethâlder Durk Stoker fan de FNP is teloarsteld oer it advys fan Sander de Rouwe.

    Gast fan de dei Johanna Kommerie

    • Gast fan de dei Johanna Kommerie

    It is hjoed fiif desimber. De dei dat Sinteklaas by hiel wat húshâldingen delkomme sil. En wa't dit jier net al te stout west hat, dy krijt miskien wol wat lekkers, in kadootsje, in surprize, of in gedicht. Dy gedichten moatte ek skreaun wurde, en dat is lang sa maklik net foar de measte minsken. Ien dy't it wol kin, is Johanna Kommerie fan Damwâld.

    Meunsternimmer Tieneke Clevering

    • Meunsternimmer Tieneke Clevering

    Ferslachjouwer Andor Faber is by Autonational yn Drylts

    • Andor Faber by Autonational yn Drylts

    In masineboubedriuw yn Drylts iepenet fan 'e wike in nij ûndersyks- en ûntwikkelingssintrum. It bedriuw, Autonational, makket ûnder oare ûnderdielen foar fleantugen fan Airbus en foar heechspanningsmêsten. Se ha ôfnimmers oer de hiele wrâld. Woansdei fiere se dat se 40 jier bestean. Ferslachjouwer Andor Faber is by it bedriuw yn Drylts.

    De Toan fan Willem Schoorstra

    • De Toan fan Willem Schoorstra

    Ferslachjouwer Andor Faber is by Autonational yn Drylts, diel 2

    • Ferslachjouwer Andor Faber by Autonational yn Drylts, diel 2

    06:04 - Pet Shop Boys - Suburbia
    06:13 - Abel - Onderweg
    06:21 - Rita Ora - Anywhere
    06:25 - Salt 'n' Peppa - You Showed Me
    06:40 - Eddy Dykstra & Sons - De Mem Fan Doutzen
    06:52 - Lp - Lost On You


    07:18 - Script - Rain
    07:25 - Coldplay - Adventure Of A Lifetime
    07:46 - Agnes Sambrink - Do Bist
    07:53 - Double You - Please Don't Go


    08:15 - Ed Sheeran - Perfect
    08:40 - Gnarls Barkley - Crazy
    08:46 - Annie Lennox & Al Green - Put A Little Love In Your Heart
    08:51 - Twarres - Tink Oan My

    Jacob Stelwagen

    Fryslân fan 'e moarn

    Fryslân fan ’e moarn is it moarnsprogramma by Omrop Fryslân op de radio, alle wurkdagen tusken 6 en 9 oere moarns.
    Presintaasje: 
    Jacob Stelwagen
    (advertinsje)