Fryslân fan 'e moarn fan 4 septimber 2018 06:00

    * De gemeente Ljouwert hat skjin syn nocht fan juridyske prosedueres dy't jier nei jier in ein driigje te meitsjen oan ferskate festivals yn de gemeente. De wethâlder hat no in oplossing betocht.

    * In heit en mem út Snits soargje al 17 jier foar in famke dat fanwege in swiere hendikep hast neat sels dwaan kin. In bekende sporter fûn dat sa bysûnder dat er de famylje in ferwenpakket jûn hat.

    * In eksoatyske wetterplant grypt op Skylge sa hurd om him hinne dat in part fan it eilân no ôfsletten is. Der mei gjinien mear komme. It fuortheljen fan de plant kostet tonnen. Mar neat dwaan is noch folle djoerder.

    *  De Campus Fryslân moat ûnderdiel wurde fan de 'universiteit fan it Noarden'. De dekaan fan de campus is dêroer yn petear mei in Fryske hegeskoalle, en hy wol ek prate mei in hegeskoalle yn Grinslân.

    * Hûnderten befeiligers lizze it wurk hjoed del. Se fine dat se net genôch betelle krije. Wurkjouwers wolle it lean mei gjin sint ferheegje. Under oare de asylsikerssintra yn Snits, Balk en Sint-Anne moatte it 24 oeren sûnder befeiliging dwaan.

    06:04 - Mavericks - Dance The Night Away
    06:13 - Marco Borsato - Thuis
    06:20 - Luis Fonsi Ft. Demi Lovato - Echame La Culpa
    06:23 - Jelle B - Niet Te Geloven
    06:38 - Albert Hammond - Free Electric Band
    06:50 - Lp - Lost On You
    07:18 - George Ezra - Shotgun
    07:26 - Twarres - De Juste Snaar
    07:47 - Kt Tunstall - Suddenly I See
    08:13 - Armin Van Buuren Ft. James Newman - Therapy
    08:24 - Gavin Degraw - Just Friends
    08:40 - Iris Kroes - Moving On Out
    08:49 - Trockener Kecks - Met Hart En Ziel
    Hans Koster

    Fryslân fan 'e moarn

    Fryslân fan ’e moarn is it moarnsprogramma by Omrop Fryslân op de radio, alle wurkdagen tusken 6 en 9 oere moarns.
    Presintaasje: 
    Hans Koster
    (advertinsje)