Fryslân fan 'e moarn fan 4 july 2017 06:00

* It jild dat de gemeente Súdwest-Fryslân krijt foar it azc, sette se yn om de wyk Noorderhoek op te kreazjen
* Alve jonge sporters út De Fryske Marren reizgje ôf nei Litouwen foar de International Children's Games
* Kavelhâlders fan fallyt rekreaasjeplan yn Burdaard bouwe huzen sels ôf. Ein dit jier kinne de earste toeristen deryn
* 60 jier lang kamen se net mear op Skylge foar, mar no stean se wer yn folle bloei: de fyn readerf en pilfearke
* It oanlizzen fan in blommewâl as oplossing tsjin de ikeprosesjerûp. Steatsboskbehear docht in eksperimint yn it súdeasten fan Fryslân

Gast fan de dei Rijna Makkinga

Meunsternimmer Tieneke Clevering

Ferslachjouwer Joline Dalstra oer de speed pedelec

Sûnt 1 july meie se net mear op it fytspaad, de speed pedelec. Bestjoerders fan dizze elektryske fyts moatte op de gewoane rydbaan, tusken de auto's en de bussen. Hoe foldocht dat? Jeljer Zijlstra, rydt al sûnt jannewaris alle dagen fan syn wenplak Reduzum nei syn wurk yn Drachten. Ferslachjouwer Joline Dalstra praat mei him.

De Toan fan Willem Schoorstra

Ferslachjouwer Joline Dalstra en Karin Broer fan it fytsersbûn

06:08 - Tanita Tikaram - Good Tradition
06:14 - 3Js - Hou Van Mij
06:18 - Enrique Iglesias - Subeme La Radio
06:27 - Senna Black - Happily Ever After
06:38 - Daft Punk - Get Lucky
06:51 - George Harrison - My Sweet Lord


07:14 - Charles & Eddie - Would I Lie To You
07:27 - Twarres - Fugelfrij
07:45 - Shawn Mendes - There's Nothing Holding Me Back
07:53 - Matthew Wilder - Break My Stride


08:15 - Anne-Marie - Ciao Adios
08:22 - Elske Dewall - In Nije Dei
08:43 - Zayn & Taylor Swift - I Don't Wanna Live Forever
08:51 - B-52's - Love Shack
Share this page on:

Fryslân fan 'e moarn

Fryslân fan ’e moarn is it moarnsprogramma by Omrop Fryslân op de radio, alle wurkdagen tusken 6 en 9 oere moarns.
Presintaasje: 
Jacob Stelwagen
(advertinsje)