Fryslân fan 'e moarn fan 4 desimber 2017 06:00

    * Harnzers betinke omkommen âlden yn Kamp Amersfoort
    * Needopfang Ljouwert wol fêste lokaasje foar útprosedearre flechtlingen
    * Sportklup Hearrenfean ferliest teloarstellend by hikkesluter Roda JC
    * Hat de omset fan Dokkumer winkels te lijen hân fan de manifestaasje fan sneon?
    * En hoe sjocht boargemaster Marga Waander der op werom?
    * En fansels ha wy wer in oersjoch fan alle sport dit wykein..

    Soargen yn Ternaard oer gaswinning

    • Henk Vellinga

    Ynwenners fan Ternaard meitsje har soargen oer de gefolgen fan de gaswinning by it doarp. Moandeitejûn is der in gearkomste yn it doarp. Dêrmei wol it ministearje fan Ekonomyske Saken de ûnrêst fuortnimme. It ministearje wol omwenners aktyf belûke by de plannen foar de omjouwing. Ien fan dy omwenners is Henk Vellinga. Hy is belutsen by in aksjegroep dy't de gaswinning tsjinhâlde wol. Presintator Jacob Stelwagen praat yn syn programma Fryslân fan 'e moarn mei Vellinga. 
     

    Meunsternimmer Keimpema oer airport Lelystêd

    • Albert van Keimpema

    Presintator Jacob Stelwagen praat mei meunsternimmer Albert van Keimpema oer airport Lelystêd. 

    Drokte mei pipernuten by de Fryske bakkers

    • Johan Koornstra fan Bakker Posthuma
    • Ferslachjouwer Andor Faber is by it pipernutebakken

    De moanne skynt troch de beammen, tiisdei is it safier: pakjesjûn. Yn de winkels is de Sinteklazedrokte it hiele wykein al te fernimmen. De middenstân hat it drok. En dat jildt net allinne foar de boartersguodwinkels. Ferslachjouwer Andor Faber is by bakkerij Posthuma yn Wommels om te sjen by de pipernutedrokte. 
     

    De Toan fan Nynke van der Zee

    • De Toan fan Nynke van der Zee

    06:04 - Time Bandits - I'm Specialized In You
    06:12 - Nielson - Beauty & De Brains
    06:24 - Marvin Gaye & Kim Weston - It Takes Two
    06:38 - De Kast - Het Begin
    06:48 - Fleetwood Mac - Don't Stop
    06:52 - Dotan - Hungry


    07:47 - Die Twa - Tiden Binne Tiden


    08:12 - Pink - What About Us
    08:25 - Bastille - Pompeii
    08:37 - Weima & Van Der Werf - Jaloersk Op Myn Broers
    08:48 - Wham - The Edge Of Heaven

    Jacob Stelwagen

    Fryslân fan 'e moarn

    Fryslân fan ’e moarn is it moarnsprogramma by Omrop Fryslân op de radio, alle wurkdagen tusken 6 en 9 oere moarns.
    Presintaasje: 
    Jacob Stelwagen
    (advertinsje)