Fryslân fan 'e moarn fan 30 novimber 2017 06:00

    Haadlinen
    - Nei de pop-up store en it pop-up restaurant hawwe we no ek in pop-up plysjeburo. Ljouwert hie woansdei de primeur.
    - De provinsje wol folle stranger optrede tsjin boeren dy't nêsten fan greidefûgels ferniele
    - In ferbouwing dy't twa moannen duorre hat moat it keramykmuseum yn Ljouwert yn nije ympuls jaan
    - De gemeente Westsellilngwerf ynvestearret miljoenen yn ferkearsfeilichheid.
    - Meiwurkers fan De Friesland lizze har net samar del by de oername troch it Silveren Krús

    Konferinsje oer it tekoart oan technysk personiel en de gearwurking mei it ûnderwiis

    • Wietze Smit fan ROC Friesland College

    It tekoart oan goed technysk persoaniel wurdt hieltyd grutter, en dat jildt ek foar minsken yn de enerzjytechnyk. Gearwurking tusken ûnderwiis en bedriuwslibben is derom fan grut belang. Oer dat ûnderwerp wurdt hjoed yn Drachten in konferinsje hâlden. Presintator Jacob Stelwagen praat dêroer mei Wietze Smit fan ROC Friesland College. 

    Meunsternimmer Hendrikje Talsma oer Snapchat

    • Meunsternimmer Hendrikje Talsma

    Snapchat, it is in app dy't benammen in soad brûkt wurdt troch de jeugd. Je kinne foto's oan inoar festjoere dy't mar in pear oeren beskikber bliuwe, Meunsternimmer Hendrikje Talsma praat mei presintator Jacob Stelwagen oer it fenomeen. 

    De Toan fan Botte Jellema

    • De Toan fan Botte Jellema

    Kollumnist Botte Jellema praat hjoed oer de desimberstress, en jout tips om sa goed mooglik troch de drokke feestmoanne hinne te kommen. 

    Sloop Westermar úteinset

    • Ferslachjouwer Timo Jepkema is by de sporthal
    • Boargemaster Jeroen Gebben

    Begjin oktober baarnde sporthal Westermar yn Burgum ta de grûn ta ôf. De ravaazje wie sa grut dat sloop it iennichste wie dat oerbleau. Dêr is dizze wike in begjin mei makke, en ferslachjouwer Timo Jepkema sjocht hoe't de sporthal der no by leit. 

    06:04 - Wet Wet Wet - Love Is All Around
    06:13 - Felix Jaehn & Jasmine Thompson - Ain't Nobody
    06:20 - Zayn Ft. Sia - Dusk Till Dawn
    06:24 - Die Twa - Eachkontakt
    06:38 - Gloria Gaynor - Never Can Say Goodbye
    06:49 - Timeflies - Once In A While
    07:15 - Pink - What About Us
    07:44 - Sake - Denk An Dy
    07:51 - Alison Moyet - Is This Love


    08:13 - Maroon 5 Ft. Sza - What Lovers Do
    08:20 - Ben E. King - Stand By Me
    08:40 - Syb Van Der Ploeg & Piter Wilkens - Leven Van De Wind
    08:48 - Shanice - I Love Your Smile

    Jacob Stelwagen

    Fryslân fan 'e moarn

    Fryslân fan ’e moarn is it moarnsprogramma by Omrop Fryslân op de radio, alle wurkdagen tusken 6 en 9 oere moarns.
    Presintaasje: 
    Jacob Stelwagen
    (advertinsje)