Fryslân fan 'e moarn fan 30 juny 2017 06:00

    * Trije partijen yn de race foar de fersterking fan de Ofslútdyk

    * Provinsje hat finansiering fan de bredere slûs by Koarnwertersân noch net rûn

    * De 35e Schuttevaerrace stiet op it punt fan begjinnen

    * Wethâlder Pytsje de Graaf fan Dongeradiel kritysk ûnderfrege, mar behâldt fertrouwen fan de ried

    * Plysje Noard-Nederlân set útein mei in proef mei stroomstjitwapens

    * Boargemaster Tjeerd van der Zwan wol in nije foarm fan demokrasy op It Hearrenfean

    Geart Tigchelaar

    • Geart Tigchelaar

    Geart Tigchelaar út Damwâld krijt hjoed de Douwe Tammingapriis foar syn dichtbondel 'Leech hert yn nij jek.' De priis is bedoeld foar skriuwers dy't har debút meitsje, en giet ôfwikseljend nei in proaza- of poezy-skriuwer. De Tammingapriis bestiet al fiif jier, mar it is pas de twadde kear dat er útrikt wurdt. Earder wie der net genôch oanbod. En dan wie it gjin kompetysje west, sei de sjuery.

    De priisútrikking is fannemiddei om 17:00 oere by Tresoar yn Ljouwert.

    Meunsternimmer Siebe Annema

    • Meunsternimmer Siebe Annema

    Ferslachjouwer Timo Jepkema ûnderfynt it parkoers

    • Ferslachjouwer Timo Jepkema ûnderfynt it parkoers

    Njoggenhûndert dielnimmers is it maksimum foar de Lodenhel-survivalrun yn Feanwâldsterwâl, en dat maksimum wie samar berikt. Jûn steane de junioaren oan de start,en sneon is it de beurt oan de senioaren. Mear as 100 frijwilligers binne dit wykein yn it spier, en in lyts groepke is op dit stuit oan de gong mei de lêste tariedingen.

    Riek Everts fan de organisaasje fan de Lodenhelrun

    • Riek Everts fan de organisaasje fan de Lodenhelrun

    06:08 - Cliff Richard - Dreamin'
    06:15 - Blof - Omarm
    06:20 - Rita Ora - Your Song
    06:26 - Justin Bieber - Love Yourself
    06:39 - Feetwarmers - Maisy Fan 'e Met
    06:51 - 10Cc - Dreadlock Holiday


    07:11 - Shania Twain - Man I Feel Like A Woman
    07:26 - Ed Sheeran - Galway Girl
    07:47 - Anneke Douma - Swalkersliet


    08:13 - Luis Fonsi Ft. Daddy Yankee - Despacito
    08:25 - Nicky Jam Ft. Enrique Iglesias - El Perdon
    08:41 - Hermien Swart - Fiel De Wyn
    08:48 - Gladys Knight - License To Kill

    Jacob Stelwagen

    Fryslân fan 'e moarn

    Fryslân fan ’e moarn is it moarnsprogramma by Omrop Fryslân op de radio, alle wurkdagen tusken 6 en 9 oere moarns.
    Presintaasje: 
    Jacob Stelwagen
    (advertinsje)