Fryslân fan 'e moarn fan 3 novimber 2017 06:00

    * Guon boeren mei guozzefoerazjeargebieten op Skylge hâlde dermei op. De guozzen binne in pleach wurden, sa sizze de boeren.

    * Der binne hiel wat feroarings yn de opstelling fan Sportklup Hearrenfean foar de wedstriid fan jûn tsjin Sparta Rotterdam. Mar leveret dat de ploech fan trainer Jurgen Streppel ek punten op?

    * Kin Sportklup Cambuur jûn einlik wer ris in oerwinning pakke yn de Jupiler League? We sjogge mei middenfjilder Jurjan Mannes foarút op de útwedstriid tsjin NEC.

    * De nije Fryske oersetting fan de bibel moat tagonkliker wurde. Alle Friezen moatte him yn prinsipe maklik lêze kinne, sa fynt in stichting.

    * De kollum is op dizze freedtemoarn fan Hilda Talsma.

    Betinkingsdei yn Fryske sikehûzen

    • Gerben Hoogterp fan de Tjongerskâns

    Alle jierren wer is der in dei dat der stilstien wurde kin by minsken dy't stoarn binne yn it sikehûs. Hjoed is dy tinkdei wer, yn de sikehuzen fan Ljouwert, Snits, Drachten en It Hearrenfean. Yn dat lêste plak, yn de Tjongerskâns, is Gerben Hoogterp de geastlik fersoarger​. Yn Fryslân fan 'e moarn fertelt er oer syn wurk, en dizze dei fan betinken. 

    Meunsternimmer Annema oer de sleepwet

    • Meunsternimmer Siebe Annema

    Meunsternimmer Siebe Annema praat oer de machtigste bedriuwen yn de wrâld, lykas Facebook en Microsoft, de sleepwet en hoe't hy tsjin it referindum oansjocht. 

    'De slak en it biobakje'

    • Ferslachjouwer Bauke Deelstra yn petear mei Marjolein Staal

    "De slak en it biobakje" is de namme fan nij projekt foar skoalbern. It idee is dat grien ôffal hielendal gjin ôffal is, mar dat it op 'e nij brûkt wurde kin. It projekt is fan Natuer en Miljeu Edukaasjesintrum De Klyster fan de gemeenten Dantumadiel, Dongeradiel, Ferwerteradiel en Kollumerlân.
     

    Ferslachjouwer Bouke Deelstra by De Twine yn Dokkum

    • Ferslachjouwer Bauke Deelstra by De Twine yn Dokkum

    De Twine yn Dokkum docht ek mei oan it projekt ´Slakje en het biobakje´ fan de DDF gemeentes. Ferslachjouwer Bouke Deelstra siket de skoalle op en praat dêr mei skoalmaster Teije Jager​ en in tal skoalbern. 

    06:05 - Queen - Crazy Little Thing Called Love
    06:13 - Jazzpolitie - Liefdesliedjes
    06:21 - Joss Stone - You Had Me
    06:37 - Scrum - Perfect Crime
    06:49 - Lucas & Steve - Up Till Dawn


    07:16 - Armin Van Buuren - Sunny Days
    07:25 - Eurithmics & Aretha Franklin - Sisters Are Doing It For Themselves
    07:49 - Tim Douwsma - Wolst By My Bliuwe Te Sliepen


    08:13 - Portugal The Man - Feel It Still
    08:24 - Gavin Degraw - Just Friends
    08:40 - Sanman & Sikke - Sikke (Manager)
    08:48 - Boyzone - Picture Of You
    Jacob Stelwagen

    Fryslân fan 'e moarn

    Fryslân fan ’e moarn is it moarnsprogramma by Omrop Fryslân op de radio, alle wurkdagen tusken 6 en 9 oere moarns.
    Presintaasje: 
    Jacob Stelwagen
    (advertinsje)