Fryslân fan 'e moarn fan 3 maaie 2016 06:00

6.00-7.00 oere
* Ljouwert is gasthear fan in grut Europeesk kongres foar feehannelers
* Spesjale adviseur moat de organisaasje fan Kulturele Haadstêd helpe om de eigen kultuer te beskermjen
* Terherne krijt lang om let in pontsje; hy wurdt op it stuit boud op in werf yn Grou
* Friezinne fan it Reade Krús yn it troch drûchte troffen Afrika, ropt op ta helpaksjes

7.00-8.00 oere
* Garnalen binne djoerder wurden, mar fiskers profitearje der net fan om't se sitte mei in gebrek oan fangst
* Swellen yn Easterwierrum hawwe in nij plakje om te fertoevjen; in swelletille mei in keunstwurk derop
* Terherne krijt lang om let in pontsje; hy wurdt op it stuit boud op in werf yn Grou

8.00-9.00 oere
* Ljouwert is gasthear fan grut Europeesk kongres foar feehannelers
* Garnalen binne djoerder wurden, mar fiskers profitearje der net fan om't se sitte mei in gebrek oan fangst

Blog Ferdinand de Jong diel 3: Periodyk systeem fan eleminten

Op ien maaie binne alle minsken frij. As se teminsken net yn de skjinmakkerij, de soarch, de winkels, de hoareka, de taksybranzj, de minen en yn de fabriken wurkje. Ik freegje my dus ôf wa't der hjir no frij wie útsein de bern en de juffers en masters.

Der wienen hjir en der wat festiviteiten yn it ramt fan de dei fan de arbeid, by it teater stienen minsken mei reade Sovjet flaggen te swaaien en neffens myn tolk wurdt de âlde kommunistyske partij wer tige populêr. Mar de measte minsken yn Norilsk dienen de de earste maaie eare oan en wurken gewoan troch.

De fabriken draaie 365 dagen yn it jier fol kontinu en der binne plannen om der in fjirde by te bouwen omdat geologen gutte nije foarrieden metalen oantroffen ha. Dizze krite is net earm, mar smoarryk. De wurkers komme oeral wei. Neffens de measten binne se hjir tydlik en as se genôch jild fertsjinne ha, ferdwine se nei waarmere oarden.

Op myn fraach wat yn harren eagen tydlik is, folge it antwurd: Tusken de 20 en 30 jier. Tsja, dat is behoarlik tydlik, mar dan ha se blykber safolle jild garre dat der in rêstige âlde dei fan bekostige wurde kin. De lju dy't al frij binne, fleane dizze dagen oeral hinne, op besite by famylje en kunde. Yn Ruslan is reizgje mei de trein tige populêr, mar Norilsk is om dizze tiid fan it jier allinnich mei it fleantúch te berikken. Yn de simmer soe dat ek mei it skip kinne, mar it fleanfjild is de fluchste wize om te flechtsjen út de arktyske omjouwing.

Dochs prate de minsken mei in soad leafde oer Norilsk. De sted bringt harren wolfeart, de foarrieden delfstoffen lykje net op te kinnen. En it is net allinnich koper, kobalt of nikkel. Kenne jim it periodyk systeem fan eleminten noch fan skoalle?

Myn tolk Lara sei it sa: Doe't God dwaande wie om oeral oer de wrâld de eleminten te ferdielen, kaam er op in gegeven momint by Norilsk. Hy wie sa wurch en hie sa syn nocht fan dy ferdielerij, dat er syn koer mei eleminten hjir leech skodde hat. Neffens de ferhalen komme alle eleminten fan it periodyk systeem hjir yn de grûn foar. Net te leauwen. Moarn mear.

Lês hjir it foarige blog fan Ferdinand de Jong

De Meunsternimmer - Jeanet de Jong

De Toan - Willem Schoorstra

06:10 - Jimmy Cliff - Sunshine In The Music
06:17 - Acda En De Munnik - Dan Leef Ik Toch Nog Een Keer
06:21 - Shawn Mendes - Stitches
06:37 - Piter Wilkens & Femke Hoeksma - Ien Pak Rein (Fsg-2015)
06:47 - Bertolf - Another Day
06:52 - R. City (Ft. Adam Levine) - Locked Away


07:17 - Jack Savoretti - Back Where I Belong
07:44 - Johannes Rypma & Mirjam Timmer - Ik Wol Dy
07:51 - Simon & Garfunkel - Cecilia


08:15 - London Beat - I've Been Thinking About You
08:26 - Eurythmics - There Must Be An Angel
08:41 - Mariusz & De Muzikanten - It Kin Samar
08:48 - Douwe Bob - Slow Down

Share this page on:

Fryslân fan 'e moarn

Fryslân fan ’e moarn is it moarnsprogramma by Omrop Fryslân op de radio, alle wurkdagen tusken 6 en 9 oere moarns.
Presintaasje: 
Jacob Stelwagen
(advertinsje)