Fryslân fan 'e moarn fan 3 febrewaris 2017 06:00

    * 19-jierrige Sadeq út Drachten krijt nei acht jier striid in ferbliuwsfergunning
    * Der is in grutte fernijingsslach fan rekreaasjefoarsjennings yn Starum en by Hylpen kommendewei
    * Cambuur hat wat rjocht te setten, freedtejûn tsjin Helmond Sport
    * Oanlis fytstunnel by Deinum en Boksum giet dit wykein echt los
    * Minister Kamp bêdet de ûnferwachte grûndelgong tusken It Amelân en Skiermûntseach behoarlik del
    * Nije Cambuuroanwinst Jurjan Mannes start freedtejûn op de bank
    * Mei ekstra aktiviteiten wolle learlingen fan de Maritime Akademy yn Harns harren kânsen op in baan fergrutsje

    Ina Holtrop, dosinte oan de Stenden Hegeskoalle

    • Ina Holtrop, dosinte oan de Stenden Hegeskoalle

    Oant Taiwan ta is der belangstelling foar Fryske kennis oer demintens. De Stenden Hegeskoalle ûntfangt freed in delegaasje fan Taiwaneeske sjoernalisten, dy't der alles oer witte wolle. It earste kontakt ûntstie fia de Taiwaneeske ambassade yn Nederlân, de ambassadeur wist dat der hjir demintens-trainingen jûn wurde oan ûnder oare supermerkpersoniel en toskedokters.

    Meunsternimmer Siebe Annema

    • Meunsternimmer Siebe Annema

    Meunsternimmer Siebe Annema praat oer de argewaasje dy't der yn Amsterdam is oer bern dy't Amstelveen yn harren bertepapieren hawwe. In pear jier lyn wie itselde probleem in saak op Skylge. Dêr wie lykwols bûten Fryslân neat om te dwaan, wylst de problemen yn Amsterdam wiidweidich yn de media behannele wurde.

    Ferslachjouwer Jan Durk de Haan is mei Ad Fahner op 'en paad yn Dronryp

    • Ferslachjouwer Jan Durk de Haan is mei Ad Fahner op 'en paad yn Dronryp

    It is de lêste wike dat de Alma-Tadematen toanstelling noch te sjen is yn it Fries Museum. Noch fjouwer dagen, en dan is it dien. It wie in sukses, sei museumdirekteur Kris Kallens tongersdei yn Fryslân Hjoed. It grutte publyk is yn de kunde kaam mei de namme en it wurk fan Lourens Alma-Tadema. En mei syn skiednis. Dat komt net allinnich troch it museum, mar ek troch de stedskuiers fan it Histoarysk Sintrum Ljouwert. Ferslachjouwer Jan Durk de Haan is fan 'e moarn op syk nei dy skiednis.

    De Toan van Nynke Sietsma

    • De Toan van Nynke Sietsma

    Ferslachjouwer Jan Durk de Haan is mei Ad Fahner op 'en paad yn Ljouwert

    • Ferslachjouwer Jan Durk de Haan is mei Ad Fahner op 'en paad yn Ljouwert

    06:09 - Pet Shop Boys & Dusty Springfield - What Have I Done To Deserve This
    06:16 - Henk Westbroek - Zelfs Je Naam Is Mooi
    06:21 - Ed Sheeran - Shape Of You
    06:36 - Ljoubjr De Band - Myn Eigen Wei
    06:47 - Thelma Houston - Don't Leave Me This Way
    06:52 - Pearl Jam - Just Breathe


    07:13 - Calum Scott - Dancing On My Own
    07:23 - Folkert-Hans - Cha Cha Cha
    07:45 - Stephanie Mills - Never Knew Love Like This Before


    08:13 - Alessia Cara - Scars To Your Beautiful
    08:24 - Justin Bieber - Love Yourself
    08:47 - Dennis Edwards & Siedah Garrett - Don't Look Any Further

    Jacob Stelwagen

    Fryslân fan 'e moarn

    Fryslân fan ’e moarn is it moarnsprogramma by Omrop Fryslân op de radio, alle wurkdagen tusken 6 en 9 oere moarns.
    Presintaasje: 
    Jacob Stelwagen
    (advertinsje)