Fryslân fan 'e moarn fan 29 oktober 2015 06:00

    * Fryslân krijt gjin mega-opfang foar flechtlingen. Dat hawwe provinsje en gemeenten besletten
    * Follybalfroulju Snits begjinne Europeeske kampanje goed mei winst yn Gent
    * Harns jout grien ljocht foar ekstra oere fergees parkeare
    * It debat rûn flechtlingen wurdt hieltyd hurder, fynt Tûmba, it sintrum tsjin diskriminaasje

    * In nije farwei yn it bûtenfjild tusken de Grutte Wielen en De Westereen
    * Grou hat nagelnije blommetún om bijen te lûken
    * SC Hearrenfean-ferdigener Caner Cavlan sjocht foarút op de bekerwedstriid tsjin Helmond Sport

    De Meunsternimmer - Karin Sitalsing

    • De Meunsternimmer - Karin Sitalsing

    Gast fan de Dei - Willem de Boer

    • Gast fan de Dei - Willem de Boer

    De gemeente Dongeradiel wol de riedsgearkomsten tenei ynteressanter en benammen boeiender meitsje foar it gewoane publyk. Te faak krije de riedsleden fan omstanners te hearren dat sa'n hiele jûn mei diskusjes en riddenaasjes tusken de lokale en regionale politisi wol wat mear swung brûke kin.

    Boargemaster en wethâlders wolle dêr no wat oan dwaan en hawwe âld-Ljouwerter Krante sjoernalist Willem de Boer frege om benammen yn it skoft fan de gearkomste en de nedige ûnderbrekkingen mei koarte petearen wat mear fleur te jaan.

    De Toan - Bart Kingma

    • De Toan - Bart Kingma

    Ferslachjouwer Remco de Vries op 'en paad yn Droegeham

    • Ferslachjouwer Remco de Vries op 'en paad yn Droegeham

    Minsken dy't dreech oan it wurk komme kinne, krije stipe fan de gemeenten Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel. Dy hawwe in projekt opset wêrby't dizze minsken it âlde beurtskip 'Dorp Grouw' restaurearje kinne. Der is plak foar 30 oant 50 meiwurkers. De restauraasje duorret sa'n trije jier. Doel is dat troch dit wurk minsken in oare baan fine of better witte wat se wol en net kinne of wolle.

    It wurkprojekt wurdt ek stipe troch lokale bedriuwen út de gemeenten. It beurtskip leit op de werf fan Wadro yn Droegeham. Fannemoarn wie de ôftraap fan it projekt en ferslachjouwer Remco de Vries wie derby.

    Remco de Vries yn petear mei in dielnimmer Durk Wiersma oan it wurkprojekt yn Droegeham

    • Remco de Vries yn petear mei in dielnimmer Durk Wiersma oan it wurkprojekt yn Droegeham

    06:08 - David Bowie - China Girl
    06:19 - Sam Smith - Writing On The Wall
    06:27 - Lene Marlin - Sitting Down Here
    06:36 - Common Linnets - Calm After The Storm
    06:49 - De Kast - Neem Me Zo
    06:57 - Gabrielle - Out Of Reach


    07:19 - Soulsister - The Way To Your Heart
    07:48 - Weeknd - Can't Feel My Face


    08:14 - Bruce Springsteen - Human Touch
    08:23 - Alison Moyet - Is This Love
    08:44 - Avicii - Hey Brother

    Jacob Stelwagen

    Fryslân fan 'e moarn

    Fryslân fan ’e moarn is it moarnsprogramma by Omrop Fryslân op de radio, alle wurkdagen tusken 6 en 9 oere moarns.
    Presintaasje: 
    Jacob Stelwagen
    (advertinsje)