Fryslân fan 'e moarn fan 29 maart 2018 06:00

* It Iepenbier Ministearje fertinkt de widdo fan Tjeerd van Seggeren fan it deadzjen fan har man. Har advokaat fynt it bewiis lykwols te tin
* Wurkjouwers dy't minsken yn tsjinst hawwe mei in arbeidsefterstân, wurde hjoed yn it sintsje set
* Deputearre Johannes Kramer oerlibbet in moasje fan ôfkarring, nei't er sûnder tastimming de oankeap fan natuer yn de provinsje stopset hat
* Hoe sjogge sportferieningen yn Noardeast-Fryslân der oer fiif jier út? Oer dy fraach waard troch de klups sels diskusjearre
* Basisskoallen yn it eardere Littenseradiel kinne gerêst sykhelje. Se meie foarearst iepenbliuwe troch in nije noarmearring
* It plan foar in tydlik perron foar festivals yn de Griene Stjer giet net troch

De Toan fan Botte Jellema: "Optimisme"

  • De Toan fan Botte Jellema

Ferslachjouwer Remco de Vries by boer Auke van der Wal

  • Ferslachjouwer Remco de Vries I
  • Ferslachjouwer Remco de Vries II

Nije wike wurdt op it provinsjehûs yn Ljouwert bekendmakke wa't de meast duorsume jonge boer fan Fryslân is. Mei dy ferkiezing wol de provinsje duorsumens stimulearje. Der binne fiif kânshawwers en yn 'Fryslân fan 'e moarn' sjogge wy dizze wike alle dagen by ien fan harren.

Diskear sjocht ferslachjouwer Remco de Vries by Auke van der Wal. Dizze boer buorket yn Koatstertille en hat sa'n twahûndert kij. Hy leit út wat er op syn pleats docht om duorsum te wêzen.

06:04 - Tears For Fears - Everybody Want's To Rule The World
06:13 - Fluitsma & Van Tijn - 15 Miljoen Mensen
06:22 - Wulf - All Things Under The Sun
06:25 - Diana Ross - You Can't Hurry Love
06:40 - Bricquebec - Dyn Stapke


07:16 - Blof & Geike Arnaert - Zoutelande
07:25 - Iris Kroes - Thus
07:45 - Alessia Cara - Scars To Your Beautiful
07:52 - Des'ree - Life


08:14 - Rita Ora - Anywhere
08:25 - Simon Webbe - No Worries
08:40 - Marcel Smit - Leafde & Whisky
08:47 - Queen - Another One Bites The Dust

Jacob Stelwagen

Fryslân fan 'e moarn

Fryslân fan ’e moarn is it moarnsprogramma by Omrop Fryslân op de radio, alle wurkdagen tusken 6 en 9 oere moarns.
Presintaasje: 
Jacob Stelwagen
(advertinsje)