Fryslân fan 'e moarn fan 29 desimber 2017 06:00

    - Sven Kramer en Jorrit Bergsma pakke tickets foar de 10 kilometer op de Olympyske Spelen yn Súd-Korea.
    - Anice Das wûn de 500 meter sprint en is dêrmei de grutte ferrassing fan it OKT yn Thialf.
    - De gesichten fan de Wommelser hoareka, Durk en Siemy Douma, hâlde der nei 38 jier mei op.
    - Foar de fiiftjinde kear waard yn Snits it krystfuotbaltoernoai organisearre foar jongerein mei in hendikep.
    - Berltsum wol syn stedsrjochten werom pakke fan Frjentsjer.

    Nijjiersrevu Koatstertille yn it ramt fan LF2018

    De offisjele iepening fan Kulturele Haadstêd 2018 is pas ein jannewaris, mar yn Koatstertille wolle se dêr net op wachtsje! Yn de tradisjonele Nijjiersrevue nimt it kulturele jier nammentlik in prominint plak yn. Yn it Tillehûs yn Koatstertille wurde de kommende tiid seis útfieringen fan it stik 'Under de Tilster toer' organisearre, de earste foarstelling set freedtejûn útein. Presintator Joline Dalstra praat mei Andries de Boer fan de klup oer de foarstelling.

    Bauke Deelstra besiket twa hiel ferskillende oaljekoekebakkers

    Desimber is in hiele drokke moanne foar in bakker fansels. It bout him sa stadich op fan de pipernuten en de krystkrânskes nei de oaljekoeken. Live-ferslachjouwer Bauke Deelstra is freedtemoarn by twa hiel ferskillende oaljekoekebakkers. Yn de earste bydrage besiket Deelstra de grutste oaljekoekemasine fan it lân, en dizze stiet yn Snits. De masine draait oeroeren yn dizze tiid fan it jier. Dit binne de dagen dat it fertsjinne wurde moat. En dat giet mei tsientûzenen oaljekoeken yn de oere. Dat is wat oars as de bakkerij fan Piet Haaksma en syn frou. It echtpear hat dizze bakkerij seis jier lyn oernaam, en dit is de earste kear dat se ek op snein (âldjiersdei ) bakke sille. Dat kin net oars want de klant wol fansels in sa farsk mooglik oaljekoek. 


     

    OKT spektakulêr mar miskien ek wol wat ûnearlik

    Meunsternimmer Siebe Annema praat mei presintator Joline Dalstra oer it Olympysk kwalifikaasjetoernoai yn Thialf op It Hearrenfean. It toernoai soarget foar spektakulêre races, mar is it eins wol earlik foar bygelyks de riders fan de sprint? Op de 500 meter kin in lytse flater in grut gefolch hawwe. 

    Berltsum easket har stedsrjochten werom fan Frjentsjer

    Berltsum wol de stedsrjochten werom fan Frjentsjer. Yn de 14e en 15e iuw soe it plak kenmerken hân hawwe dy't oan in stêd tinken dogge. Berltsum soe harsels hjirtroch om it jier 1355 hinne stedsrjochten jûn hawwe, mei it akkoart fan de riedsleden fan Westergo. Berltsum wurdt sels stêd neamd yn in brief fan de Dútske Hanzestêd Lübeck. Op 6 jannewaris wurde de rjochten op teätrale wize wer opeaske yn Frjentsjer. Hjirnei wurde se rinnend werombrocht nei Berltsum. Presintator Joline Dalstra praat yn Fryslân fan 'e moarn mei Janneke Bergsma, inisjatyfnimmer stedsrjochten Berltsum.

    06:10 - Shania Twain - Man I Feel Like A Woman
    06:18 - Jeroen Van Der Boom - Jij Bent Zo
    06:22 - Armin Van Buuren - Sunny Days
    06:37 - Mariusz & De Muzikanten - Blaas Der Op
    06:47 - Gloria Gaynor - I Will Survive


    07:15 - Maroon 5 Ft. Sza - What Lovers Do
    07:23 - Van Wieren - Dunsje
    07:40 - Charlie Puth Ft. Selena Gomez - We Don't Talk Anymore


    08:15 - Ed Sheeran - Perfect
    08:41 - Greidebern Ft. Wiebe Kaspers - Nim My Mei Dy Mei
    08:50 - Extreme - Hole Hearted

    Jacob Stelwagen

    Fryslân fan 'e moarn

    Fryslân fan ’e moarn is it moarnsprogramma by Omrop Fryslân op de radio, alle wurkdagen tusken 6 en 9 oere moarns.
    Presintaasje: 
    Jacob Stelwagen
    (advertinsje)