Fryslân fan 'e moarn fan 28 maart 2018 06:00

    * Noch hast 3 miljoen tekoart op ferbouwing fan Blokhúspoarte yn Ljouwert.

    * In nij, yngeand ûndersyk moat dúdlikheid jaan oer de ûnderbetelling fan minsken dy't oan de Sintrale As wurke hawwe

    * De ferdieling fan Europeesk jild foar de ynfrastruktuer moat earliker, dat fine de trije noardlike provinsjes.

    * In bibleteek en in boekhannel ûnder ien dak. Yn Harns kin it: dêr wurdt op it stuit hurd wurke oan in kultureel sintrum mei dêryn it besteande museum Hannemahûs, de bibleteek en in nije boekhannel.

    * It moat by de bloedbank yn Ljouwert op 16 april hielendal blau wurde. Net fan blau bloed, mar fan plysjes yn unifoarms dy't massaal bloed jouwe

    * De fûgelwacht fan Bûtenpost lûkt nei 72 jier definityf de stekker derút.

    * Hoe kinne studinten fan it HBO learlingen fan it MBO helpe, sadat se net sûnder diploma de skoalle ferlitte? In suksesferhaal fan Súdwest-Fryslân.

    De Toan fan Eelke Lok

    • De Toan fan Eelke Lok

    Ferslachjouwer Simone Scheffer is by boerinne Pytsje Bokma

    • Boerinne Pytsje Bokma

    Nije wike wurdt op it provinsjehûs yn Ljouwert bekendmakke wa't de meast duorsume jonge boer fan Fryslân is. Mei dy ferkiezing wol de provinsje duorsumheid stimuleare. Der binne fiif kânshawwers, en yn 'Fryslân fan 'e moarn' sjogge we dizze wike alle dagen by ien fan dy fiif. Hjoed is ferslachjouwer Simone Scheffer yn Smelbrêge.

    Ferslachjouwer Simone Scheffer by Siebe Klaas en Pytsje Bokma yn Smelbrêge

    • Ferslachjouwer Simone Scheffer by Siebe Klaas en Pytsje Bokma

    06:04 - Meja - All 'bout The Money
    06:12 - Lange Frans & The Lau - Zing Voor Me
    06:18 - Chef's Special - Nicotine
    06:22 - Chickens Go Mad - Kantoar
    06:34 - Todd Rundgren - I Saw The Light
    06:45 - Shawn Mendes - There's Nothing Holding Me Back
    06:49 - Hall & Oates - Rich Girl


    07:13 - Portugal The Man - Feel It Still
    07:20 - Douwe Bob - Slow Down
    07:37 - Wiegels Wjukkelmasine - Yn De Rein
    07:44 - Ub40 & Chrissie Hynde - I Got You Babe
    07:48 - Boyzone - Picture Of You


    08:12 - Pink - Beautiful Trauma
    08:28 - Magic - Rude
    08:42 - Sytse Haima - Al Springsto Heech
    08:50 - Katrina & The Waves - Love Shine A Light

    Jacob Stelwagen

    Fryslân fan 'e moarn

    Fryslân fan ’e moarn is it moarnsprogramma by Omrop Fryslân op de radio, alle wurkdagen tusken 6 en 9 oere moarns.
    Presintaasje: 
    Jacob Stelwagen
    (advertinsje)