Fryslân fan 'e moarn fan 28 desimber 2017 06:00

    Oer dizze útstjoering is gjin spesifike ynformaasje beskikber. Klik hjir foar programma-ynformaasje

    Histoarysk kuierje by Winaam

    It Archeologisch Steunpunt Winaam organisearret tongersdeitemiddei in bysûndere winterkuier. De kuierders rinne nammentlik in trajekt by de iuwenâlde terpen yn it gebiet del. Troch de jierren hinne is dêr in soad archeologysk ûndersyk dien, en binne der ferskate histoaryske skatten ûntdutsen. Yn 1953 waard yn it gebiet noch de ferneamde gouden fibula fan Winaam fûn. Geartsje Postma fertelt yn Fryslân fan 'e moarn oer de tocht. 

    Meunsternimmer Hendrikje Talsma oer fjoerwurk

    Nei de krystdagen makket Fryslân him dizze dagen op foar de jierwiksel, en dêr heart fansels fjoerwurk by. Meunsternimmer Henrikje Talsma praat mei presintator Joline Dalstra oer de tradysje, en dan benammen oer de kosten dy't dêrmei gearhingje. Yn in healoere tiid wurdt der yn Nederlân foar 68 miljoen euro de loft yn sketten, en Talsma hat it benammen dêr dreech mei. 

    Thomaslieden yn Ketlik wer fan start

    De iuwenâlde tradysje fan it Sint Thomaslieden stiet ûnder druk. It oantal minsken dat wit hoe't je de klokken korrekt klinke litte moatte, is de lêste jierren sterk ôfnaam. It kloklieden is bedoeld om de boaze geasten te ferdriuwen. It begjint alle jierren op de dei fan de hillige Sint Thomas, 21 desimber, en it giet troch oant âldjiersdei. Der binne noch mar twa doarpen yn Fryslân dêr't de klokken klinke. Ien fan dy beide doarpen is Aldhoarne. Ferslachjouwer Bauke Deelstra is tongersdeitemoarn yn it oare doarp. Ketlik.
     

    06:09 - Vanessa Paradis - Be My Baby
    06:16 - Claudia De Breij - Mag Ik Dan Bij Jou
    06:20 - Portugal The Man - Feel It Still
    06:26 - Philip Lynot - Old Town
    06:35 - Die Twa - Asto Mar By My Bist
    06:50 - Babys - Isn't It Time


    07:15 - Script - Rain
    07:25 - Weima & Van Der Werf - 't Komt Altyd Wol Goed
    07:47 - Nicky Jam Ft. Enrique Iglesias - El Perdon


    08:12 - Wulf - Mind Made Up
    08:37 - Agnes Sambrink - Muzyk
    08:44 - Ultimate Kaos - Casanova
    08:49 - Counting Crows - Big Yellow Taxi

    Hans Koster

    Fryslân fan 'e moarn

    Fryslân fan ’e moarn is it moarnsprogramma by Omrop Fryslân op de radio, alle wurkdagen tusken 6 en 9 oere moarns.
    Presintaasje: 
    Hans Koster
    (Advertinsje)