Fryslân fan 'e moarn fan 28 april 2017 06:00

* It oprêden fan de rommel nei Keningsdei is in bealchfol wurk, mar de ôffalstream wurdt hieltyd lytser
* In Fryske winner by de Kings Battle yn Blauhús stimt de organisaasje fan de autocross tige tefreden
* Foar de spilers fan Cambuur stiet der neat mear op it spul jûn tsjin Eindhoven, mar se wolle wol winne
* De ôffaloven yn Harns leit de kommende wiken stil. Underhâld is heechnedich.

Hjoed giet it fierljepseizoen fan start mei in grutte jeugddei. Op It Hearrenfean kinne bern oant en mei 13 jier kennis meitsje mei it fierljeppen. En dêr is frijwat belangstelling foar, sa wit Freerk Broekstra fan it Frysk Ljeppers Boun ús te fertellen.

De meunsternimmer is hjoed Siebe Annema.

Ferslachjouwer Bauke Deelstra is by de grutterswinkel yn Ljouwert. Dêr wurdt fan 'e middei in bysûndere tentoanstelling iepene. Te sjen is âld boartersguod, dat liend wurdt fan Het Andere Museum van Olftimer tot Kant. Hy praat dêr mei Eef Koster fan de grutterswinkel en mei Jan-Kees Geersing fan Het Andere Museum.

Freerk Broekstra

  • Freerk Broekstra

Meunsternimmer Siebe Annema

  • Meunsternimmer Siebe Annema

Eef Koster fan de Grutterswinkel

  • Eef Koster fan de Grutterswinkel

Jan-Kees Geersing fan Het Andere Museum

  • Jan-Kees Geersing fan Het Andere Museum

06:09 - Fairground Attraction - Perfect
06:17 - Toontje Lager - Zoveel Te Doen
06:22 - Calvin Harris Ft. Frank Ocean - Slide
06:36 - Souldada - Blau Fan Dagen
06:47 - Paul Simon - Late In The Evening


07:13 - Chainsmokers & Coldplay - Something Just Like This
07:47 - Eternal - I Wanna Be The Only One


08:13 - Matt Simons - Catch And Release (Remix)
08:42 - De Kast - Het Begin
08:48 - Racoon - Brick By Brick

Jacob Stelwagen

Fryslân fan 'e moarn

Fryslân fan ’e moarn is it moarnsprogramma by Omrop Fryslân op de radio, alle wurkdagen tusken 6 en 9 oere moarns.
Presintaasje: 
Jacob Stelwagen
(advertinsje)