Fryslân fan 'e moarn fan 27 oktober 2017 06:00

* Mear grien moat Breedeplaats Frjentsjer fleuriger meitsje
* Fries lûkt fuort út Kataloanië: de striid dêr hat in min effekt op de ekonomy
* Is Cambuur klear foar de striid tsjin jong PSV?
* It medisyn tsjin taaislymsykte yn it basispakket fielt as grutte oerwinning foar Hans van der Meulen út Snits, dy't sels twa dochters ferlear oan de sykte
* Asfalt fan brûkt wc-papier is sa'n súkses dat Ljouwerter bedriuw KNN Cellulose no 1.000 ton fan de papiergrûnstof yn it jier meitsje wol
* En de kaartsjes fan rederij Doeksen soene djoerder wurde moatte, mar wurde dat yn 2018 noch net

De Gast fan de Dei is Jannie Atsma. De Nederlânske brassband kampioenskippen sette hjoed útein yn Utrecht en Jannie Atsma sit yn de organisaasje. Meunsternimmer is Siebe Annema. Wat falt him op yn it nijs?

De kollum is fan Hilda Talsma. Ferslachjouwer Bauke Deelstra is yn Dokkum. Op it bolwurk binne folop blombollen plante, om Dokkum yn de maaitiid om te tsjoenen ta Tulpestêd.

Gast fan de Dei Jannie Atsma

  • Gast fan de Dei Jannie Atsma

Meunsternimmer Siebe Annema

  • Meunsternimmer Siebe Annema

De Toan fan Hilda Talsma

  • De Toan fan Hilda Talsma

Ferslachjouwer Bauke Deelstra op it bolwurk fan Dokkum (1)

  • Ferslachjouwer Bauke Deelstra op it bolwurk fan Dokkum (1)

Ferslachjouwer Bauke Deelstra op it bolwurk fan Dokkum (2)

  • Ferslachjouwer Bauke Deelstra op it bolwurk fan Dokkum (2)

Fries-om-utens Wytze Russchen ferlit Kataloanië

  • Wytze Russchen oer de ekonomyske neidielen fan ûnôfhinklikheid

Op de dei foardat it parlamint fan Kataloanië de ûnôfhinklikheid útropt ferlit Fries-om-utens Wytse Russchen fan Drachten de Katalaanske haadstêd. Hy wennet flak bûten it parlamint en hat al in skoft alle dagen demonstraasjes om de doar. Russchen is kritysk oer it trochsetten fan ûntôfhinklikheid op koarte termyn, want neffens him kin dat grutte ekonomyske gefolgen hawwe. Guon fan dy neidielige gefolgen binne neffens him no al te foarnimmen.......

06:11 - Dr. Alban - Sing Halleluja
06:18 - Nelly Furtado - I'm Like A Bird
06:22 - Anne-Marie - Ciao Adios
06:40 - Queen - You're My Best Friend
06:52 - Timeflies - Once In A While


07:16 - Traveling Wilburys - Handle With Care
07:26 - Script - Rain
07:48 - Diana Ross & The Supremes - You Keep Me Hangin' On


08:14 - Pink - What About Us
08:25 - Alain Clark - Hold On
08:44 - Murk Aukema - Sometimes

Jacob Stelwagen

Fryslân fan 'e moarn

Fryslân fan ’e moarn is it moarnsprogramma by Omrop Fryslân op de radio, alle wurkdagen tusken 6 en 9 oere moarns.
Presintaasje: 
Jacob Stelwagen
(advertinsje)