Fryslân fan 'e moarn fan 27 novimber 2015 06:00

* De NHL ferwachtet dat der mear leararen Nederlânsk nedich binne no't der safolle flechtlingen nei Nederlân komme. En dêr spylje se op yn
* Goed nijs foar de greidefûgels: Natuurmonuminten is tsien bunder greidefûgelreservaat riker
* It opknappen fan âlde huzen yn Dongeradiel, om it beskerme doarpsgesicht te bewarjen, is in sukses

* Cambuur hat it hiele seizoen noch gjin wedstryd wûn. Jûn spylje se tsjin De Graafschap. En Cambuur-oanfierder Sjoerd Overgoor fielt de spanning
* Bern dy't troffen binne troch in ûngelok of sykte revalidearje yn Beetstersweach troch spultsjes te dwaan op in hiele grutte tablet
* Fierder prosedearje is kânsleas, en dus hâldt de stichting PGB skeaclaim der no mei op

Gast fan de Dei - Ed Eggink

Ed Eggink (65) út Noardwâlde is hjoed ien fan de earegasten by de presintaasje fan de Nationale Wetenschapsagenda yn Den Haach. Dizze wurdt oerlange oan ministerJet Bussemaker en steatssiktaris Sander Dekker fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip. Ek minister Henk Kamp fan Ekonomysche saken sil hjirby oanwêzich wêze.

Yn de Nationale Wetenschapsagenda binne de saneamde ûndersyksfragen opnommen dêr't de wittenskip har de kommende jierren op rjochtsje sil. In soarte fan rjochtlinen, útgongspunten dus hoe't de wittenskip bydrage kin yn it finen fan oplossingen foar maatskiplike fraachsikken en benammen it realisearjen en benutten fan ekonomyske kânsen.

Ed Eggink is hjoed foar dizze besûndere gearkomste útnoege omdat hy in boek skreaun hat, Hollands Hemelse Hel, wêryn't hy mooglike oplossingen beskriuwt foar grutte nasjonale problemen as de wurkleasheid. Mar ek knyppunten yn it ûnderwiis pakt Eggink oan.

De Meunsternimmer - Siebe Annema

De Toan - Nynke Sietsma

06:09 - Annie Lennox & Al Green - Put A Little Love In Your Heart
06:18 - Frank Boeijen Groep - Kronenburg Park
06:26 - First Aid Kit - My Silver Lining
06:49 - Racoon - Shoes Of Lightning


07:18 - Dionne Warwick - Heartbreaker
07:44 - Henk & Henk - Sinterklaas, Wie Kent Hem Niet
08:15 - Billy Joel - The River Of Dreams
08:40 - Bastille - Pompeii
08:49 - Nolan Sisters - I'm In The Mood For Dancing

Diel dit berjocht op:

Fryslân fan 'e moarn

Fryslân fan ’e moarn is it moarnsprogramma by Omrop Fryslân op de radio, alle wurkdagen tusken 6 en 9 oere moarns.
Presintaasje: 
Jacob Stelwagen
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen fan 6.00 oant 9.00 oere.
(advertinsje)