Fryslân fan 'e moarn fan 27 augustus 2015 06:00

* Balk krijt in asylsikerssintrum. Woansdeitejûn stimde de ried fan de gemeente Fryske Marren unanym foar de opfang fan 500 asylsikers
* Waar of gjin waar: de Ynjebetinking yn it Ljouwerter Rengerspark waard ek woansdei wer drok besocht
* En twa grutte muzykprojekten yn Fryslân krije finansjele stipe fan it Oranje Fonds

* ONS Boso Snits en Vlissingen reinden derút woansdeitejûn. De lêste 31 minuten fan de earste ronde fan de lanlike beker wurde letter noch spile
* It bekertoernoai is foar Harkemase Boys al wer foarby. It team ferlear woansdei mei 3-1 fan De Treffers

De Meunsternimmer - Botte Jellema

Gast fan de Dei - Nynke Sietske de Vries

Dizze tongersdei de 27ste fan augustus is in bysûndere dei foar Nynke Sietske de Vries. Want fan 'e middei wurdt yn de tsjerke fan Penjum it boek 'Sesi' presintearre; in boek dat troch har skreaun is. En dat boek is gjin fantasy of sa... it is basearre op de skriftkes fan har mem Siet de Vries. Skriftkes dy't folskreaun binne yn de Twadde Wrâldoarloch. En dan giet it net allinnich oer har wenplak Penjum, mar ek oer Ynje, dêr't har broer Seakle wenne. Want Siet krige regelmjittich brieven út Ynje fan har broer.

De Toan - Bart Kingma

06:10 - Police - Roxanne
06:16 - De Kast - Neem Me Zo
06:20 - Duffy - Warwick Avenue
06:36 - Eagle Eye Cherry - Save Tonight
06:48 - Styx - Sing For The Day
07:18 - Christopher Cross - All Right
08:16 - Paul Young - Love Of The Common People
08:26 - Beatles - Get Back
08:41 - Curtis Mayfield - Move On Up
Diel dit berjocht op:

Fryslân fan 'e moarn

Fryslân fan ’e moarn is it moarnsprogramma by Omrop Fryslân op de radio, alle wurkdagen tusken 6 en 9 oere moarns.
Presintaasje: 
Jacob Stelwagen
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen fan 6.00 oant 9.00 oere.
(advertinsje)