Fryslân fan 'e moarn fan 26 oktober 2017 06:00

    - It is in dramatyske wike foar Sportklup Hearrenfean. Nei de swiere kompetysjenederlaach tsjin Vitesse leit de ploech no ek al út it KNVB-bekertoernoai.
    - It hat opnij in goed gersjier west. In grut tal boeren hat mear as genôch gers om de winter troch te kommen.
    - Der komme hektyske dagen oan foar ûndernimmers yn Dokkum. Oer goed trije wiken is dêr de lanlike yntocht fan Sinteklaas.
    - Museum Hearrenfean jout bysûnder argyfmateriaal fuort oer in midsiuwske ridderoarder.
    - De gemeente Súdwest-Fryslân kin fierder mei de ûntwikkeling fan in nij bedriuwsterrein by Snits. (Aanst in taljochting fan ferantwurdlik wethâlder Offinga)
    - It grutste evenemint op it gebiet fan famyljeskiednis (genealogy) komt takom jier nei Ljouwert

    De Gast fan de Dei is boargemaster Hayo Apotheker fan Súdwest-Fryslân. Hy sjocht foarút op de beëdiging fan Halbe Zijlstra fan Easterwâlde as minister fan bûtenlânske saken, hjoed yn Den Haag. Apotheker waard sels yn 1998 beëdige as minister fan lânbou en wit dus wat Zijlstra hjoed te wachtsjen stiet.

    Meunsternimmer is Karin Sitalsing, sy hat it oer #metoo. Der is in farske kollum fan Botte Jellema en ferslachjouwer Bauke Deelstra sjocht by de opbou fan de autoklassikerbeurs ClassicsNL yn it WTC Expo yn Ljouwert.

    Gast fan de Dei Hayo Apotheker

    • Gast fan de Dei Hayo Apotheker

    Meunsternimmer Karin Sitalsing

    • Meunsternimmer Karin Sitalsing

    De Toan fan Botte Jellema

    • De Toan fan Botte Jellema

    Ferslachjouwer Bauke Deelstra is op de ClassicsNL beurs yn Ljouwert - 1

    • Ferslachjouwer Bauke Deelstra is op de ClassicsNL beurs yn Ljouwert - 1

    Ferslachjouwer Bauke Deelstra is op de ClassicsNL beurs yn Ljouwert - 2

    • Ferslachjouwer Bauke Deelstra is op de ClassicsNL beurs yn Ljouwert - 2

    06:07 - Annie Lennox & Al Green - Put A Little Love In Your Heart
    06:15 - Colbie Caillat - Bubbly
    06:19 - Maroon 5 Ft. Sza - What Lovers Do
    06:26 - Frank Cunimundo Trio - Feeling Good
    06:37 - De Kast - Het Begin
    06:49 - Gloria Gaynor - I Will Survive


    07:16 - Jonas Blue - Mama
    07:27 - Ronde - Why Do You Care
    07:49 - Marit - Libbenstier


    08:12 - Imagine Dragons - Thunder
    08:25 - Caro Emerald - Tangled Up
    08:41 - Sipke De Boer - Fryslan
    08:48 - Men At Work - Down Under

    Jacob Stelwagen

    Fryslân fan 'e moarn

    Fryslân fan ’e moarn is it moarnsprogramma by Omrop Fryslân op de radio, alle wurkdagen tusken 6 en 9 oere moarns.
    Presintaasje: 
    Jacob Stelwagen
    (advertinsje)