Fryslân fan 'e moarn fan 25 febrewaris 2016 06:00

    * Mearderheid steaten freget om in plan foar in skjinnere reststoffe-enerzjysintrale yn Harns; deputearre Schrier giet der mei oan 'e slach.
    * Omwenners akwadukt Drachtsterwei wolle kompensaasje foar de oerlêst.
    * Drokte by de banemerk fan it UWV yn Ljouwert.
    * Kampanje Oekraïne-referindum falt yn it wetter.
    * Ynfojûn tsjin needopfang yn Feanwâlden lûkt 80 demonstranten.
    * Boargemaster Heldoorn is goed te sprekken oer de ynfogearkomste yn Feanwâlden.

    De kollum is hjoed fan Ferdinand de Jong en giet oer Abba. De meunsternimmer is Botte Jellema.

    De gast(en) fan de dei binne Bertus Mulder en Erik Dijkstra, sy prate oer Anne Vondeling. It is hjoed 100 jier lyn dat hy berne waard en jûn fersoarget Bertus Mulder in lêzing oer Vondeling. Dêryn sil hy antwurd jaan op de fraach nei de achternamme van Vondeling. Syn oerpake waard eartiids fûn yn in stik boulân. Nea waard dúdlik wa't syn heit en mem wiene, mar Mulder hat it útsocht.

    Yn Kollumerlân wurde in soad sike beammen kappe. Ferslachjouwer Lennie Bronsveld is yn Westergeast om te sjen en te hearren hoe't it giet mei de kap.

    Bertus Mulder en Erik Mulder oer Vondeling

    • Bertus Mulder en Erik Mulder oer Vondeling

    Meunsternimmer Botte Jellema

    • Meunsternimmer Botte Jellema

    Lennie yn petear mei wethâlder Boerema

    • Lennie yn petear mei wethâlder Boerema

    Lennie yn petear mei Wichard de Vries fan de S.G. Groengroep út Dokkum

    • Lennie yn petear mei Wichard de Vries fan de S.G. Groengroep út Dokkum

    06:09 - Diesel - Sausolito Summernight
    06:21 - Guus Meeuwis - Dit Lied
    06:38 - Wet Wet Wet - Love Is All Around


    07:20 - Justin Bieber - Love Yourself
    07:45 - Piter Wilkens - Henkie Cola


    08:13 - Shawn Mendes - Stitches
    08:21 - Sam Smith - Like I Can
    08:38 - Agnes Sambrink - Loosen The Reins
    08:45 - Alicia Keys - Empire State Of Mind (Part Ii) Broken Down

    Jacob Stelwagen

    Fryslân fan 'e moarn

    Fryslân fan ’e moarn is it moarnsprogramma by Omrop Fryslân op de radio, alle wurkdagen tusken 6 en 9 oere moarns.
    Presintaasje: 
    Jacob Stelwagen
    (advertinsje)