Fryslân fan 'e moarn fan 25 april 2016 06:00

* De follybalfroulju fan VC Snits foar it twadde jier op rige lânskampioen
* Nederlanners dy't yn eigen lân op fakânsje gean litte Fryslân links lizze
* Mei pine yn it hert ha se yn Grou ôfskied naam fan de flechtlingen
* De aksjefierende boerinne Nynke Koopmans is der wiis mei dat kealtsjes net ferplichte by de mem op stâl hoege te stean.
* In oersjoch fan de sport fan it ôfrûne wykein
* Troch op 'e nij finansjele problemen by taksybedriuw Klomp is it mar de fraach oft de kliïnten fan soarchgroep Alliade hjoed te plak komme


Radioferslachjouwers fan Omrop Fryslân binne moandei de hiele dei op 'en paad om Omroplintsjes út te rikken. Sjoch foar mear ynformaasje op www.omropfryslan.nl/lintsje.

Gast fan 'e Dei - Skriuwer Ferdinand de Jong sil nei Sibearië

Meunsternimmer - Albert van Keimpema oer Caparis

De Toan fan Nynke van der Zee

Bauke Deelstra docht ferslach fan de útrikking fan it Omroplintsje oan Sjoerd Flameling

Sjoerd Flameling siedt al sûnt 2004 snert foar Yndonezië. Op fakânsje op Bali kaam er yn 'e kunde mei in Yndonezysk gesin dat it net breed hie. Wer thús woe er dêr graach wat foar dwaan. No is it sa, dat er wrâldkampioen snertsieden west hat. En sa kaam er op it idee om eigenmakke snert te ferkeapjen foar it gesin. Dêr hat er sels in spesjale snertpanne foar kocht, dêr kin er yn ien kear 25 liter sop yn siede. No, tsien jier letter, giet it sa goed mei it Yndonezysk gesin dat de Fryske snertstipe net mear nedich is. Mar Flameling hâldt net op, hy ferkeapet no syn snert om jild yn te sammeljen foar in stichting yn Yndonezië dy't bern helpt mei in proteze. Nei alle gedachten sil er letter dit jier wer mei syn frou nei Yndonezië ta.

Klaas Broos krijt in Omroplintsje fan ynstallaasjebedriuw Hoekstra yn Suwâld

Hast 50 jier wurke Klaas Broos foar ynstallaasjebedriuw Hoekstra yn Suwâld. Hy begûn as iennichste wurknimmer, hat him mei de groei fan it bedriuw hieltyd fierder ûntwikkele en hy learde syn nije kollega's it fak. Nei trije generaasjes Hoekstra hat Klaas besletten om op te hâlden. Freed wie syn lêste wurkdei. Klaas sil him talizze op mantelsoarch foar syn pakesizzer, dy't in ferstanlike beheining hat. Hy woe gjin feest doe't er mei pensjoen gong, mar hat yn alle jierren sa'n betroubere partner west foar de Hoekstra's, dat se him graach yn it sintsje sette. En dat feest, dat giet net oer!

06:09 - Wang Chung - Dance Hall Days
06:17 - Rowwen Heze - En Dan Is 't Mar Dom
06:21 - Anouk - Run Away Together
06:37 - Elske Dewall - The Fall
06:49 - Nelly Furtado - I'm Like A Bird


07:18 - Shawn Mendes & Camila Cabello - I Know What You Did Last Summer
07:46 - Tim Douwsma - It Wetter


08:15 - Right Said Fred - Don't Talk Just Kiss
08:46 - Inez Timmer - Minsk

Diel dit berjocht op:

Fryslân fan 'e moarn

Fryslân fan ’e moarn is it moarnsprogramma by Omrop Fryslân op de radio, alle wurkdagen tusken 6 en 9 oere moarns.
Presintaasje: 
Jacob Stelwagen
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen fan 6.00 oant 9.00 oere.
(advertinsje)