Fryslân fan 'e moarn fan 23 oktober 2017 06:00

    - De Iselmar stiet oan de foarjûn fan in grutte transformaasje. It is nammentlik de bedoeling om it wetterpeil mei 20 sintimeter te ferheegjen.

    - De Keninklike Nederlânske Feriening EHBO-ôfdieling yn Harns hat grut ferlet fan nije frijwilligers.

    - Haulerwyk yn aksje foar earmen yn East-Europa

    - SC Hearrenfean is sneintemiddei tsjin in dikke thúsnederlaach oanrûn. Yn it Abe Lenstra stadion waard mei 4-0 ferlern fan Vitesse.

    Van der Pol nei Yndiaaske ambassade

    • Bauke van der Pol

    It is moandei toch wol in bytsje in bysûndere dei foar Bauke van der Pol fan Boalsert. Hy is útnûge troch de ambassadeur fan Yndia foar in petear op de ambassade yn Den Haach. Van der Pol hat de ôfrûne jierren boeken en artikelen skreaun oer de histoaryske bân tusken Yndia en Fryslân. 

    Meunsternimmer Albert van Keimpema

    • Meunsternimmer Albert van Keimpema

    Meunsternimmer Albert van Keimpema praat oer de brêgen yn Fryslân, nei oanlieding fan it berjocht dat in steuring yn in piper derfoar soarge hat dat in ambulânse tsien minuten wachtsje moast foar in iepen brêge. 

    Jelle de Vries is de koekoeksklokkedokter

    • Simone op besite by De Vries
    • De Vries lit in tal fan syn klokken hearre

    In soad klokkemakkers ha der stilstikem in bytsje in hekel oan: de koekoeksklok. It is in yngewikkeld ding, en je moatte der behoarlik oan ompiele as er stikken is. Mar yn Mantgum wennet in man dy't himsels koekoeksklokkespesjalist neamt: Jelle de Vries. Hy wie learaar hânwurk, en as hobby reparearret er no koekoeksklokken. Simone Scheffer wie by him thús. 

    06:10 - Human League - Don't You Want Me
    06:18 - Beyonce - If I Were A Boy
    06:23 - Lucas & Steve - Up Till Dawn
    06:38 - Simon Feenstra - Next Level
    06:48 - Shaka Kahn - I'm Every Woman
    06:53 - Four Tops - Reach Out I'll Be There


    07:16 - Armin Van Buuren - Sunny Days
    07:24 - Double You - Please Don't Go
    07:46 - Die Twa - Famke Fan Myn Dreamen


    08:13 - Pink - What About Us
    08:40 - Grytz - Fersopen Protter
    08:47 - Nik Kershaw - Wouldn't It Be Good
    Jacob Stelwagen

    Fryslân fan 'e moarn

    Fryslân fan ’e moarn is it moarnsprogramma by Omrop Fryslân op de radio, alle wurkdagen tusken 6 en 9 oere moarns.
    Presintaasje: 
    Jacob Stelwagen
    (advertinsje)