Fryslân fan 'e moarn fan 23 jannewaris 2018 06:00

* It giet striemin mei de Fryske readbûnte kij. It stamboekras telt noch mar 250 registrearde eksimplaren.

* Yn Ljouwert is in hûs iepene dêr't boarte wurdt mei dyn harsens.

* Omwenners fan âldereinsintrum Aldlânstate yn Ljouwert dy't soargen ha oer de nijbou, hoopje dat de nije riedsleden noch wat feroarje kinne oan de plannen.

* Cambuur ferliest mei 3-2 fan Jong Ajax.

* De wurksumheden oan de Markt yn Dokkum kinne wer troch no't in ûndernimmer syn beswier ynlutsen hat.

* De nije wethâlder fan Ljouwert, Herwil van Gelder, fynt net dat syn partij PAL GroenLinks min ûnderhannele hat by de foarming fan it nije kolleezje. Dat sei er yn It Polytburo.

* Der is hieltyd mear fraach nei bylessen yn Fryslân. Benammen foar de eksakte fakken.

* Aksjegroep Laagvliegroutes NEE docht net mei oan in ûnôfhinklike kommisje dy't de miljeurapportaazje fan Lelystad Airport kontrolearje moat.

Gast fan de dei Martijn Vinke

  • Gast fan de dei Martijn Vinke

Snits makket him klear foar de komst fan Kening Willem-Alexander. Dy komt tiisdeitemoarn op besite by twa bedriuwen yn de stêd. By softwarebouwer Snakeware lit er him byprate oer de nijste technologyske ûntwikkelingen, mar earst iepenet er in nij isolaasjebedriuw: EverUse. Dêr wurdt isolaasjemateriaal makke, fan papier, sûnder dat dêr ôffal by frijkomt. Martijn Vinke is direkteur fan EverUse.

De Toan fan Willem Schoorstra

  • De Toan fan Willem Schoorstra

Ferslachjouwer Remco de Vries yn Bitgum

  • Ferslachjouwer Remco de Vries yn Bitgum

Nederlân is - tegearre mei Meksiko - de grutste tomate-eksporteur fan de wrâld. De Nederlânske tomaat is mei in triomftocht dwaande, stiet yn ien fan de grutte lanlike kranten. Fryske tomatekwekers ha it der ek mar drok mei. Yn Bitgum stean hiel wat tomatekassen. En yn ien fan dy kassen is fan 'e moarn ferslachjouwer Remco de Vries.

Ferslachjouwer Remco de Vries yn Bitgum, diel 2

  • Ferslachjouwer Remco de Vries yn Bitgum, diel 2

06:04 - Nik Kershaw - Wouldn't It Be Good
06:14 - Atomic Kitten - Whole Again
06:21 - Zayn Ft. Sia - Dusk Till Dawn
06:37 - Bridges2One - Don't Be Gone
06:50 - Cliff Richard - We Don't Talk Anymore


07:16 - Blof & Geike Arnaert - Zoutelande
07:24 - Peter Frampton - Show Me The Way
07:42 - Die Twa - Stapel Op Dy
07:47 - Ellie Goulding - Still Falling For You


08:11 - Niall Horan - Too Much To Ask
08:24 - Ricky Martin & Christina Aguilera - Nobody Wants To Be Lonely
08:38 - Greidebern Ft. Wiebe Kaspers - Nim My Mei Dy Mei
08:45 - Men At Work - Down Under
08:49 - Bluebells - Young At Heart

Jacob Stelwagen

Fryslân fan 'e moarn

Fryslân fan ’e moarn is it moarnsprogramma by Omrop Fryslân op de radio, alle wurkdagen tusken 6 en 9 oere moarns.
Presintaasje: 
Jacob Stelwagen
(advertinsje)