Fryslân fan 'e moarn fan 21 septimber 2017 06:00

    - Der binne lang net genôch betelbere hierwenten yn de gemeente Ljouwert. Dat sizze trije hierdersferienings. Se fine ft de gemeente dêr gau wat oan dwaan moat.

    - Takom jier moat it kariljon fan it Ljouwerter stedhûs wer alle wiken bespile wurde. It is jierren lyn dat dat foar it lêst dien waard. Dus de gemeente is no op syk nei in beierdier.

    - De amateurs fan Snits ferlieze fan FC Twente, mar ONS wie net hielendal kânsleas.

    -SC Hearrenfean mei fierder yn it bekertournoai, mar de oerwinning op Excelsior moast wol foar de helsdoarren wei komme.

    -Jierren fan protesten yn Marrum ha fertuten dien: Enerzjybedriuw Engie wol yn dat doarp no gjin dongfergister mear bouwe. Mar foar de tsjinstanners is dat noch net genôch.

    De Dei fan de Frede yn it Fersetsmuseum

    • Hans Groeneweg fan it Fersetsmuseum

    It is hjoed de ynternasjonale Dei fan de Frede. It is in jierliks momint wêrop't ekstra omtinken jûn wurdt oan it tema vrede. Konservator Hans Groeneweg fan it Frysk Fersetsmuseum jout op dizze dei in spesjale rûnlieding. Hy fertelt hoe't it is om te libjen yn in beset lân dêr't rjochten der net mear ta dogge en der gjin sprake is fan lykweardichheid. De ferhalen sille gean oer de Twadde Wrâldoarloch, mar hawwe ek in aktueel karakter. De rûnlieding set om 13:30 útein en is fergees foar museumbesikers.

    Meunsternimmer Hendrikje Talsma

    • Meunsternimmer Hendrikje Talsma

    Meunsternimmer Hendrikje Talsma praat mei presintator Jacob Stelwagen oer de Dei Tsjin de Iensumens. Se fynt it nuver dat wy by it wurd iensumens fuortendaliks tinke oan âldere minsken, wylst minsken ek iensum wêze kinne at se jonger binne.

    06:10 - Starship - Nothing's Gonna Stop Us Now
    06:17 - Marco Borsato - De Bestemming
    06:22 - Ed Sheeran - Galway Girl
    06:28 - Julia Michaels - Issues
    06:39 - Wiebe Kaspers - Dream Mar Leave (Proloog)
    06:50 - Taylor Swift - Shake It Off


    07:16 - Seal - Crazy
    07:26 - Johannes Rypma & Mirjam Timmer - Ik Wol Dy
    07:46 - Level 42 - Something About You
    08:13 - Script - Rain
    08:27 - Fairground Attraction - Perfect
    08:40 - Arnold Postma - Mei Ik Dan By Dy
    08:43 - Syb Van Der Ploeg & Piter Wilkens - Leven Van De Wind
    08:50 - Justin Bieber - Sorry
    Jacob Stelwagen

    Fryslân fan 'e moarn

    Fryslân fan ’e moarn is it moarnsprogramma by Omrop Fryslân op de radio, alle wurkdagen tusken 6 en 9 oere moarns.
    Presintaasje: 
    Jacob Stelwagen
    (advertinsje)