Fryslân fan 'e moarn fan 21 novimber 2017 06:00

    * De regeldruk yn de lânbou moat minder, sei minister Carola Schouten fan Lânbou moandei yn It Polytburo
    * De rûnwei om Garyp lûkt safolle auto's en frachtweinen dat dizze wike ferkearsregelers ynset wurde
    * It Ljouwerter listlûkersdebat wie foar de politike kopstikken moandeitejûn de lêste kâns foar de ferkiezingen om de kiezers fan harren plannen te oertsjûgjen
    * Fjouwerhûndert meiwurkers fan soarchfersekerder De Friesland protestearje fan 'e middei tsjin de eventuele oername troch Achmea
    * Fûle petearen op it CSG Anna Maria van Schurman yn Frjentsjer. De skoalle organisearre moandei in debat mei de listlûkers fan de nije gemeente Waadhoeke

    Gast fan de dei Cees Vos

    • Gast fan de dei Cees Vos

    De ferkiezingen fan kommende woansdei betsjutte it ein fan de gemeente Ljouwerteradiel. Per ien jannewaris giet dy gemeente op yn it grutte Ljouwert. En om dêr by stil te stean, komt der hjoed in 'glossy' út, in magazine ta oantinken foar alle húshâldens yn de gemeente.

    Meunsternimmer Tieneke Clevering

    • Meunsternimmer Tieneke Clevering

    Ferslachjouwer Ronnie Porte is op de Merk yn Dokkum

    • Ronnie Porte op de Merk yn Dokkum

    Mear as 4.000 hantekeningen tsjin de werynrjochting fan de Merk yn Dokkum ha neat úthelle. De skeppe is de grûn yn gien, en de werynrjochting fan it plein - dêr't dit wykein Sinteklaas noch oankaam - is begûn.

    De Toan fan Willem Schoorstra

    • De Toan fan Willem Schoorstra

    Ferslachjouwer Ronnie Porte is op de Merk yn Dokkum, diel 2

    • Ronnie Porte is op de Merk yn Dokkum, diel 2

    06:04 - Meja - All 'bout The Money
    06:12 - Lange Frans & The Lau - Zing Voor Me
    06:22 - The Bluebirds - Nothing On You
    06:37 - Doobie Brothers - Listen To The Music
    06:46 - Janieck - Feel The Love


    07:14 - Pink - What About Us
    07:25 - Katy Perry Ft. Skip Marley - Chained To The Rhythm
    07:45 - Twarres - De Juste Snaar


    08:11 - Ed Sheeran - Perfect
    08:20 - Beatles - Help
    08:38 - Melee - Built To Last
    08:47 - Agnes Sambrink - Muzyk

    Jacob Stelwagen

    Fryslân fan 'e moarn

    Fryslân fan ’e moarn is it moarnsprogramma by Omrop Fryslân op de radio, alle wurkdagen tusken 6 en 9 oere moarns.
    Presintaasje: 
    Jacob Stelwagen
    (advertinsje)