Fryslân fan 'e moarn fan 21 jannewaris 2016 06:00

* De gemeente SWF moat 4,5 miljoen euro besunigje, en dêr moatte de ynwenners by helpe
* Bern fan flechtlingen dy't yn Ljouwert opfong wurde, geane per 1 febrewaris nei skoalle
* In wrâldprimeur foar ABD Renault yn Drachten. It autobedriuw is foar de sânde kear de Renaultdealer fan it jier wurden
* De fûgel sit net mear boppe op de fontein fan it Europaplein yn Ljouwert. Mei in kraan is de boppekant fan it monumint fuorthelle

* Bern út groep acht moatte in advys krije foar meardere skoalsoarten, seit de minister. Ljouwerter skoalkoepel PCBO reagearret op de plannen
* De gemeente Skylge frege justerjûn oan ynwenners hoe't it eilân der oer tsien jier útsjen moat
* Yn Twizelerheide is jûn in netwurkgearkomste oer drank en drugs

Gast fan de Dei - Tineke Leyten

Hjoed sil prinses Laurentien de TaalHeldenPriis útrikke. In "taalheld" is ien dy't him of har ynset foar minsken dy't "laaggeletterd" binne. Yn Fryslân giet it om sa'n 15 persint fan de befolking dy't ûnfoldwaande lêze of skriuwe kin om goed meidwaan te kinnen yn de maatskippij. Ien fan harren is Tineke Leyten út Ljouwert.

De Meunsternimmer - Karin Sitalsing

Hans Greijdanus fan skoalferiening PCBO Ljouwert

Bern út groep acht fan de basisskoalle moatte in advys krije foar meardere skoalsoarten en dat moat net mear op basis fan in eintoets. Dat fynt steatssekretaris Dekker. Hy seit dat yn in debat mei de Twadde Keamer. In mearderheid fan de Keamer fynt it net goed dat skoallen bern no trochferwize nei bygelyks allinnich de havo of it VWO.
Sa moat der neffens partijen lykas de PvdA, SP en CDA de mooglikheid komme om te kiezen foar havo/vwo of vmbo/havo. En it advys fan de basisskoalle sels moat bepalend wêze en net de eintoets. Neffens de partijen beoardiele in soad basiskoallen noch hieltyd op de útkomst fan in eintoets, om't de middelbere skoallen dit wolle.

Jongereinwurker Wiebe Kootstra

Jûn is der foar de twadde kear in netwurkgearkomst oer it gebrûk fan drank en drugs yn Twizelerheide. Wiebe Kootstra is jongereinwurker dêr en nau belutsen by de jûn.

06:08 - Tears For Fears - Everybody Want's To Rule The World
06:15 - I.O.S. - Uit De Schaduw
06:19 - Adele - Hello
06:26 - Piter Wilkens & Femke Hoeksma - Ien Pak Rein (Fsg-2015)
06:47 - Chef'special - On Shoulders


07:16 - Matt Simons - Catch And Release
07:24 - Bee Gees - You Win Again
07:45 - Die Twa - Eachkontakt
08:13 - R. City (Ft. Adam Levine) - Locked Away
08:37 - Gurbe Douwstra - As It Myn Tiid Is

Share this page on:

Fryslân fan 'e moarn

Fryslân fan ’e moarn is it moarnsprogramma by Omrop Fryslân op de radio, alle wurkdagen tusken 6 en 9 oere moarns.
Presintaasje: 
Jacob Stelwagen
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen fan 6.00 oant 9.00 oere.
(advertinsje)