- Dantumadiel moat gearwurkje mei omlizzende gemeenten, seit nije boargemaster Klaas Agricola
- Mannen boppe de fyftich leare itensieden yn Bûtenpost
- De bêste middelbere skoalle fan Nederlân stiet yn Ljouwert
- Fryske bern kinne no ek harren eangsten oerwinne op de Durfpoli
- Leararen basisûnderwiis stake opnij
De Gast fan de Dei is Wouter de Vries, de haadrolspiler fan it teäterstik Chez Cherard, dat opfierd wurdt troch it Grouster Kritetoaniel. Nei acht jier stilte is der lang om let wer in amateurtoanielstik te sjen yn it doarp.
Der is wer in kollum fan skriuwer Hilda Talsma en ferslachjouwer Gerrit de Boer is yn Wurdum op besite by Hotel Duhoux. Hoe hâldt Duhoux stân mei safolle hotelbêden yn Ljouwert? En wat betsjut bygelyks de komst fan it grutte Van der Valk-hotel tichtby Wurdum foar Duhoux?