Fryslân fan 'e moarn fan 18 jannewaris 2017 06:00

    - De sjauffeurs fan de dokterswacht stride troch om by de nije wurkjouwer It Wite Krús itselde lean te hâlden.
    - De FNP hie it Frysk by de taakferdieling yn it kolleezje fan Deputearre Steaten net fuortjaan moatten, sa sei Ultsje Hosper yn it Polytburo.
    - Yn Hylpen en op It Amelân hawwe de rêders fan de KNRM de measte minsken en bisten út it wetter helle.
    - Badgasten yn Harns hoege tenei net mear troch it slyk nei de see te rinnen, dêrfoar wurdt in steger oanlein, mar de gemeente wol no ek wolris witte wêr't dat slyk weikomt.
    - Oer 20 jier binne der sa'n 30.000 minder Friezen yn ús provinsje.
    - It giet oan... no ja, net echt, mar toch... de earste maraton op natueriis wurdt hjoed ferriden yn Noordlaren.. en wy binne derby.

    Jasper Zweed fan de rêdingsbrigade yn Hylpen

    • Jasper Zweed fan de rêdingsbrigade yn Hylpen

    Meiwurkers fan de KNRM binne ferline jier mear as twatûzen kear yn aksje kaam en dêrmei hawwe se hast 4.000 minsken en sa'n 100 bisten holpen of rêden. It tal rêdingsaksjes is in bytsje tanaam yn ferliking mei it jier dêrfoar. De drokste rêdingsstasjons wienen op It Amelân en Hylpen en op trije oare plakken yn Nederlân.

    Cor de Jong fan de KNRM fan It Amelân

    • Cor de Jong fan de KNRM fan It Amelân

    Dennis Schreur fan de UNIS Flyers oer de bekerfinale

    • Dennis Schreur fan de UNIS Flyers oer de bekerfinale

    De iishockeyers fan de UNIS Flyers meitsje har op foar de bekerfinale, woansdeitejûn om healwei achten yn Eindhoven. Se meitsje in goeie kâns, de Flyers, se hawwe dit jier noch mar ien kear ferlern, mar dat wie wol yn in wedstryd tsjin de tsjinstanner fan woansdeitejûn: de iishockeyers út Geleen.

    Anne van Dijk beliedsamtner by de provinsje Fryslân

    • Anne van Dijk beliedsamtner by de provinsje Fryslân

    Der komme hieltyd minder Friezen. Dit jier komme der noch Friezen by, mar dêrnei rint it oantal ynwenners werom. En - we wolle it miskien net hearre - mar oer in jier as 20 binne der noch mar 619.000 Frieze oer, sa'n 30.000 minder as no.

    Ferslachjouwer Onno Falkena mei in update nei 8 oere

    • Ferslachjouwer Onno Falkena mei in update nei 8 oere

    Flek-fee is dwaande mei in opmars yn de Fryske greiden

    • Flek-fee is dwaande mei in opmars yn de Fryske greiden

    Je sjogge se hieltyd faker yn de Fryske greiden: readbûnte kij mei in kenmerkende wite kop. It giet om saneamd flek-fee, in koweras út Dútslân, en it is dwaande mei in opmars yn Nederlân.

    Andor Faber by in boer mei flekfee

    • Andor Faber by in boer mei flekfee

    De toan fan Eelke Lok

    • De toan fan Eelke Lok

    Meunsternimmer Henk van der Veer

    • Meunsternimmer Henk van der Veer

    06:09 - Tina Turner - Typical Male
    06:18 - Kadanz - De Wind
    06:22 - Calum Scott - Dancing On My Own
    06:36 - Piter Wilkens - De Dowestien


    07:16 - Kensington - Sorry
    07:45 - Feetwarmers - Sluge Jaap


    08:10 - Vanessa Carlton - A Thousand Miles
    08:22 - Suzanne Vega - Luka
    08:45 - Wiebe - Sjoch It Ljocht

    Jacob Stelwagen

    Fryslân fan 'e moarn

    Fryslân fan ’e moarn is it moarnsprogramma by Omrop Fryslân op de radio, alle wurkdagen tusken 6 en 9 oere moarns.
    Presintaasje: 
    Jacob Stelwagen
    (advertinsje)